Adriaan Brunsveldt
Adriaan Brunsveldt wie in Fryske seefarder dy't fear foar de Fryske Admiraliteit.
Yn 1652 krige Brunsveldt it befel oer it skip Breda. Dit skip wie yn 1637 boud foar de VOC, mar it blykte al gau te lyts om winstjouwend te wêzen. It hie 24 stikken geskut en hie in bemanning fan 80 man. Foardat Brunsveldt it kommando krige hie de Breda al ferskate lange reizen makke, nei ûnder oare Brazylje. Yn desimber 1652 blieken de kapteins Skelte Tsjerks Wiglema en Brunsveldt gjin jild te hawwen om iten te keapjen foar de bemannings. Mei sân hasten reizge Wiglema nei De Haach om jild te krijen, mar dit waard him wegere. Uteinlik liende in Dokkummer uyt liefde ende ter eeren van 't Landt 200 gûne om bôle yn te keapjen. Yn de Earste Ingelsk-Nederlânske oarloch focht it skip mei Brunsveldt as kommandant yn de Slach by de Haden, Slach by de Singels, Trijedeiske Seeslach en de Slach by Ter Heijde. Yn de Slach yn de Sont waard hy mei syn skip troch 2 of 3 Sweedske skippen klemfearn. Brunsveldt rekke deadlik ferwûne en syn skip waard intere troch de Sweden. De measte bemanningsleden ferdronken of waarden finzennommen. De Sweedske zeelju setten de Breda yn 'e brân en ferlieten it skip. 14 Seelju dy't efter bleaune wisten lykwols it fjoer te dwêstem, de boat te meitsjen en yn Landskrona har by de rest fan de fleat te foegjen.