Harns Unskutten
Harns Unskutten Harlingen Ongeschut | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Harns (gemeente) | |
plak | Harns (stêd) | |
holden yn | binnenstêd | |
tiid fan it jier | 2e helte septimber | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | optocht fan boaten | |
bestean | 2012 – no | |
offisjele webside | ||
Harns Unskutten op HarlingenBoeit.nl |
Harns Unskutten (Nederlânsk en offisjeel: Harlingen Ongeschut) is in festival dat elts jier yn 'e twadde helte fan 'e moanne septimber holden wurdt yn 'e Fryske stêd Harns. It is in optocht fan boaten troch de greften fan 'e Harnzer binnenstêd, dy't yn 2012 foar it earst holden waard, doe min ofte mear by wize fan út 'e hân rûne grap. Sûnt is it evenemint útwoeksen ta in bûnt farspektakel, dêr't elts jier in grut tal muzikanten, bands, dûnsgroepen en teäteracts har meiwurking oan ferliene.
Harns Unskutten hat elts jier in oar tema. Yn 2018 foel it evenemint op 22 septimber en wie it tema Nova Sembla. Dat hold ferbân mei de plande tewetterlitting fan it skip de Willem Barentsz op deselde dei. (De oarspronklike Skylger seefarder Willem Barents wie ien fan 'e lieders fan 'e Nederlânske seelju ûnder de ferneamde Oerwintering op Nova Semba, yn 1596-1597.) Hoewol't de tewetterlitting fanwegen de drûge simmer fan 2018 útsteld wurde moast oant yn oktober, hold Harns Unskutten fêst oan Nova Sembla as tema.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|