Joadske mienskip fan Harns en Skylge

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De grientesaak fan 'e famylje Pais yn Harns, omtrint 1920.

De Joadske mienskip fan Harns en Skylge wie de mienskip fan Joaden dy't foarhinne yn 'e Fryske stêd Harns wennen en har dêrwei ek ferspraten nei it Waadeilân Skylge, dêr't hja har yn it doarp West fêstigen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste Joaden setten har oan 'e ein fan 'e santjinde iuw yn Harns nei wenjen. Dy lju wiene foar it meastepart ôfkomstich út 'e stêden fan Hollân en út Emden, yn it Dútske East-Fryslân. Fan teminsten de midden fan 'e achttjinde iuw ôf hie Harns syn eigen Joadsk begraafplak oan 'e Willemskade, en yn 1812 waard der oan 'e Raamstrjitte in synagoge iepene, dy't letter noch útwreide waard. Fierders krige de stêd ek in eigen Joadske skoalle. Troch dy foarsjennings koe de Joadske mienskip ta bloei komme. Der waarden ferskate Joadske ferienings en genoatskippen oprjochte, en guon Joaden namen diel oan it iepenbiere libben yn Harns, hoewol't se gjin funksjes yn it gemeentlik bestjoer beklaaiden. Omtrint 1870 wie de Joadske mienskip yn Harns mei 356 leden op syn hichtepunt.

It begraafplak oan 'e Willemkade waard yn 1870 sletten, en dêrnei waard in part fan it algmiene begraafplak foar de ferstoarne leden fan 'e Joadske mienskip yn gebrûk nommen. Fan 'e Joaden dy't om 1900 hinne noch yn Harns wennen, fertsjinnen de measten de kost as keapman of winkelman (slachter, grienteboer, ensfh.) Nettsjinsteande de relative wolfeart fan 'e Joaden yn Harns belune harren oantal yn 'e earste desennia fan 'e tweintichste iuw fluch, mei't in protte Joadske Harnzers, krekt as Joaden út oare Fryske stêden, ferfearen nei plakken yn 'e Rânestêd, lykas Amsterdam en Utert. Likegoed waard yn dy tiid foar en troch de Joaden fan Harns noch in nije frouljusferiening en in nije toanielferiening oprjochte.

Ut Harns wei ferspraten de Joaden har yn 'e njoggentjinde iuw ek nei it Waadeilân Skylge, dêr't in lytse Joadske mienskip ûntstie yn it doarp West. Tsjin 1900 hiene lykwols de measte Joaden it eilân alwer ferlitten. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden ûnder de Dútske besetting fan Nederlân frijwol alle Harnzer Joaden deportearre nei de ferneatigingskampen, dêr't se as ûnderdiel fan 'e Holokaust fermoarde waarden. Itselde lot trof de famylje Pais, de iennichst oerbleaune Joadske húshâlding op Skylge, dy't oant yn augustus 1942 op it eilân wenne. Nei de ôfrin fan 'e oarloch waard de Joadske gemeente fan Harns gearfoege mei dy fan Ljouwert. Sa kaam der in ein oan 'e Joadske mienskip fan Harns en Skylge.

Oarlochsdeaden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De leden fan 'e Joadske mienskip fan Harns en Skylge dy't omkamen yn 'e Holokaust, wiene:

Harns
adres namme berte ferstjerren âldens berop opmerkings
Grutte Oksemerk 16 Gabriël Boas Harns, 9 apr. 1899 Auschwitz, 12 nov. 1942 43 jier havenarbeider man fan Dina Boas-Pais, heit fan Joseph Boas
Dina Boas-Pais Harns, 24 febr. 1882 Auschwitz, 19 nov. 1942 60 jier húsfrou frou fan Gabriël Boas, mem fan Joseph Boas
Joseph Boas Harns, 8 sept. 1922 Ottmuth, 30 juny 1943 20 jier n.f.t. soan fan Gabriël Boas en Dina Boas-Pais
Havenplein 24 Lieba Steil-Aftergut Limanowa, 7 des. 1892 Auschwitz, 1 okt. 1942 49 jier húsfrou berne yn súdlik Poalen, widdo, mem fan Nechemia en Berel Steil
Berel Steil Mszana Dolna25 sept. 1923 Auschwitz, 30 sept. 1942 19 jier n.f.t. berne yn súdlik Poalen, dochter fan Lieba Steil-Aftergut
Nechemia Steil Mszana Dolna, 10 nov. 1925 Auschwitz, 31 jann. 1943 17 jier skroar berne yn súdlik Poalen, soan fan Lieba Steil Aftergut
Heechstrjitte 15 Benjamin Raphaël Pais Harns, 29 juny 1861 Auschwitz, 23 nov. 1942 81 jier keapman man fan Jantje Pais-De Vries, heit fan Racheltje Pais
Jantje Pais-De Vries Harns, 14 july 1868 Auschwitz, 23 nov. 1942 74 jier húsfrou frou fan Benjamin Raphaël Pais, mem fan Racheltje Pais
Racheltje Pais West-Skylge, 4 aug. 1891 Auschwitz, 23 nov. 1942 51 jier amtner dochter fan Benjamin Raphaël en Jantje Pais
Hilligewei 19
(letter omneamd ta:
Grutte Tsjerkstrjitte 24)
Michiel Speijer                             Harns, 18 des. 1902 Sobibor, 26 mrt. 1943 40 jier tekstylwinkelman man fan Hanna Speijer-Schulenklopper, heit fan Elkan Aron en Cäcil David Speijer
Hanna Speijer-Schulenklopper Harns, 17 des. 1902 Sobibor, 26 mrt. 1943 40 jier húsfrou frou fan Michiel Speijer, mem fan Elkan Aron en Cäcil David Speijer
Elkan Aron Speijer Harns, 18 sept. 1930 Sobibor, 26 mrt. 1943 12 jier n.f.t. soan fan Michiel en Hanna Speijer
Cäcil David Speijer Harns, 22 juny 1933 Sobibor, 26 mrt. 1943 9 jier n.f.t. soan fan Michiel en Hanna Speijer
Hilligewei 28A Aron de Vries Harns, 16 nov. 1865 Auschwitz, 23 nov. 1942 77 jier keapman man fan Grietje de Vries-De Wilde, heit fan Klara en Benjamin de Vries
Grietje de Vries-De Wilde Snits, 7 juny 1867 Auschwitz, 23 nov. 1942 75 jier húsfrou frou fan Aron de Vries, mem fan Klara en Benjamin de Vries
Klara de Vries Harns, 25 aug. 1901 Sobibor, 20 mrt. 1943 41 jier húsfrou dochter fan Aron en Grietje de Vries
Benjamin de Vries Harns, 2 juny 1909 Auschwitz, 30 sept. 1942 33 jier keapman soan fan Aron en Grietje de Vries
Lytse Bredepleats 16 Abraham Pais Harns, 22 juny 1872 Auschwitz, 23 nov. 1942 70 jier grienteboer broer fan Esther en Salomon Pais
Esther Pais Harns, 31 aug. 1874 Auschwitz, 23 nov. 1942 68 jier húsfrou suster fan Abraham en Salomon Pais
Salomon Pais Harns, 14 aug. 1885 plak ûnbekend, 30 sept. 1942 57 jier grienteboer broer fan Abraham en Esther Pais
Lytse Bredepleats 18 Levie Pais Harns, 19 janne. 1977 Auschwitz, 23 nov. 1942 65 jier grienteboer man fan Adriana Pais-Rood
Adriana Pais-Rood De Haach, 13 maaie 1881 Auschwitz, 23 nov. 1942 61 jier húsfrou frou fan Levie Pais
Midlumerwei 5 Leonard Leijdesdorff Frjentsjer, 16 des. 1880 Sobibor, 30 apr. 1943 62 jier goudsmid man fan Rosalie Leijdesdorff-Vos
Rosalie Leijdesdorff-Vos Coevorden, 18 maaie 1892 Sobibor, 30 apr. 1943 50 jier húsfrou frou fan Leonard Leijdesdorff
Noarderhaven 18 Raphaël Pais Harns, 9 mrt. 1893 Auschwitz, 28 febr. 1943 49 jier ûnbekend man fan Rosa Pais-Heymann, heit fan Aäron Pais
Rosa Pais-Heymann Norden, 7 apr. 1901 Auschwitz, 29 okt. 1942 41 jier húsfrou frou fan Raphaël Pais, mem fan Aäron Pais
Aäron Pais Harns, 7 okt. 1921 Auschwitz, 30 sept. 1942 20 jier kantoarbetsjinde soan fan Raphaël en Rosa Pais
Noarderhaven 32 Raphaël Pais West-Skylge, 29 sept. 1893 Auschwitz, 28 febr. 1943 49 jier keapman man fan Roosje Pais-Minco, heit fan Jantsje en Benjamin Raphaël Pais
Roosje Pais-Minco Oldenseal, 26 apr. 1901 Auschwitz, 23 nov. 1942 41 jier húsfrou man fan Raphaël Pais, mem fan Jantsje en Benjamin Raphaël Pais
Jantsje Pais Harns, 31 mrt. 1933 Auschwitz, 23 nov. 1942 9 jier n.f.t. dochter fan Raphaël en Roosje Pais
Benjamin Raphaël Harns, 8 nov. 1934 Auschwitz, 23 nov. 1942 8 jier n.f.t. soan fan Raphaël en Roosje Pais
Raamstrjitte 3
(letter omneamd ta: Skritsen 10)
Sally Hes Bocholt, 31 okt. 1908 Auschwitz, 31 des. 1943 34 jier rabbyn man fan Anna Rosa Hes-Van Gelder, heit fan Mathilde Henriëtte Hes
Anna Rosa Hes-Van Gelder Borne, 1 apr. 1909 Auschwitz, 2 nov. 1942 33 jier húsfrou frou fan Sally Hes, mem fan Mathilde Henriëtte Hes
Mathilde Henriëtte Hes Hingelo, 3 juny 1939 Auschwitz, 2 nov. 1942 3 jier n.f.t. dochter fan Sally en Anna Rosa Hes
Roazegrêft 15 Levi Messcher Haskerlân, 17 juny 1898 Sobibor, 21 maaie 1943 44 jier feekeapman man fan Catharina Messcher-Gans, heit fan Hanna Klara en Klara Leonora Messcher
Catharina Messcher-Gans Aduard, 6 nov. 1898 Sobibor, 21 maaie 1943 44 jier húsfrou frou fan Levi Messcher, mem fan Hanna Klara en Klara Leonora Messcher
Hanna Klara Messcher Harns, 5 febr. 1938 Sobibor, 21 maaie 1943 5 jier n.f.t. dochter fan Levie en Catharina Messcher
Klara Leonora Messcher Harns, 24 juny 1939 Sobibor, 21 maaie 1943 3 jier n.f.t. dochter fan Levie en Catharina Messcher
Rommelhaven 26B Elize de Vries-Odewald Slochteren, 24 mrt. 1873 Sobibor, 20 mrt. 1943 69 jier húsfrou widdo, mem fan Izaäk de Vries
Izaäk de Vries Harns, 29 apr. 1898 Auschwitz, 28 febr. 1943 44 jier tekstylkeapman soan fan Elize de Vries-Odewald
Sâltsleat 135 Nathan Polak Harns, 29 nov. 1903 Sobibor, 23 apr. 1943 39 jier keapman man fan Betsij Polak-Frank, heit fan Izak Nathan Israël Polak
Betsij Polak-Frank Grins, 30 juny 1902 Sobibor, 23 apr. 1943 40 jier húsfrou frou fan Nathan Polak, mem fan Izak Nathan Israël Polak
Izak Nathan Israël Polak Harns, 17 febr. 1937 Sobibor, 23 apr. 1943 6 jier n.f.t. soan fan Nathan en Betsij Polak
Simon Stijlstrjitte 4 Pietje Polak-De Vries Harns, 15 maaie 1872 Sobibor, 20 mrt. 1943 70 jier húsfrou widdo
Stasjonswei 1 Leonard Goldsmid Sutfen, 30 jann. 1886 Auschwitz, 12 febr. 1943 57 jier ûnbekend
Sara Goedhart Roermond, 9 okt. 1884 Auschwitz, 12 febr. 1943 58 jier húshâldster
West-Skylge
adres namme berte ferstjerren âldens berop opmerkings
Boomstrjitte 1 en 2 Benjamin Jacob Krönstein West-Skylge, 16 apr. 1922 Auschwitz, 31 mrt. 1944 21 jier ûnbekend
Judik Pais-Spijer Harns, 8 nov. 1866 Sobibor, 21 maaie 1943 76 jier húsfrou widdo, mem fan Jetje en Sara Pais
Jetje Pais Harns, 21 july 1882 Auschwitz, 21 july 1943 50 jier húsfrou dochter fan Judik Pais-Spijer
Sara Pais Harns, 2 july 1891 Amsterdam, 28 mrt. 1943 41 jier húsfrou dochter fan Judik Pais-Spijer

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dijkstra, Tsjomme, De verdwenen Joden van Harlingen en Terschelling, yn: de Ljouwerter Krante, 27 april 2019, s. 40-41.