Springe nei ynhâld

Bocholt

Ut Wikipedy
Bocholt
Histoarysk riedshûs
Histoarysk riedshûs
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
Kreis Borken
Stedsyndieling 7 Stadtbezirke
Sifers
Ynwennertal 72.893 (31.12.2023)
Oerflak 119,4 km²
Hichte 25 m
Oar
Postkoade 46395, 46397, 46399
Koördinaten 51° 50'N 6° 37'E
Offisjele webside
www.bocholt.de
Kaart
Bocholt (Noardryn-Westfalen)
Bocholt

De stêd Bocholt (Nederdútsk: Bokelt) leit yn it Westmünsterland yn it noardwestlik diel fan 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It is de grutste stêd fan 'e kring Borken yn it Regierungsbezirk Münster. De stêd leit oan 'e Nederlânske grins en is nei Münster en Rheine de grutste stêd yn it Münsterland.

Bocholt krige yn 1228 stedsrjochten en soe in ferbastering wêze fan it wurd "bûkehout". Op midsiuwske segels fan 'e stêd is in beam te sjen en op it segel fan 1302 is dat dúdlik in bûkebeam. It ferlienen fan 'e status fan stêd hie as doel om de posysje fan 'e macht fan 'e karfoarsten yn it westen fan it bisdom Münster feilich te stellen. Yn 'e 14e iuw waard it fersterke stedsgebiet fierder útwreide en waard in twadde tsjerke boud. Yn 'e 15e iuw waard de belangrykste tsjerke fan 'e stêd, de St. Georg (Sint-Joaris) op 'e nij as in goatyske halletsjerke boud. Ek waarden der yn dy tiid trije kleasters stifte.

Bocholt mei de Sint-Joaristsjerke.

Sûnt likernôch 1500 wie it dien mei de opgong fan 'e stêd. Fanwegen de lokaasje op 'e grins hie de ekonomy fan 'e stêd te lijen fan 'e Tachtichjierrige Kriich. Spaanske troepen brochten Bocholt in moannelange besetting yn 'e winter fan 1598/1599. De wolstân naam letter wer wat ta en de bou fan in nij riedhûs yn 1618-1624 tsjûget dêr ek tsjintwurdich noch fan. De Tritichjierrige Kriich brocht dêrnei op 'e nij delgong: de plonderings en in besetting troch Hessyske troepen fan 1635-1650 ferearme Bocholt. Dêroerhinne kamen ek noch útbraken fan 'e pest en njonken de ekonomyske delgong fûn der ek noch in politike delgong plak. Om't de stêd sûnt healwei de 16e iuw nei it protestantisme hong en ferset bea oan fersiken fan 'e lânshearen om it katolisisme wer yn te fieren, ferlear de stêd yn 1627 ek de stedske selsstannigens. Pas nei't de kontrareformaasje mei súskses trochfierd waard, krige de stêd de âlde rjochten mei beheinings werom. Ek tsjintwurdich (2020) is de stêd noch in katolike stêd.

Yn it midden fan 'e 16e iuw brochten flechtlings út Brabân de kennis mei fan it katoenweevjen. Mei de stifting fan in katoengild yn 1569 waard de tekstylbewurking út katoen yn 'e rin fan 'e tiid in wichtige ekonomyske faktor yn Bocholt. De stêd wie dêrby wol ôfhinklik fan 'e katoenymport oer Nederlân, dy't yn 'e 18e en begjin 19e iuw, fral yn 'e Sânjierrige Kriich en ûnder it bewâld fan Napoleon, swierrichheden ûnderfûn.

Troch de Frede fan Lunéville (1801), de ein fan it prinsbisdom Münster (1802) en it Reichsdeputationshauptschluss (1803) foel Bocholt ûnder it bewâld fan 'e hearen fan Salm-Salm en Salm-Kyrburg, dy't mei oare gebieten it foarstedom Salm stiften. Yn 1811 waard it foarstendom Salm mei oare Dútske lannen troch Frankryk anneksearre, yn 1813 troch Prusen beset en wat letter troch it Kongres fan Wenen yn 1815 oan it keninkryk Prusen tawiisd. Prusen dielde Bocholt by de kreis Borken, it Regierungsbezirk Münster en de provinsje Westfalen yn.

It "TextilWerk Bocholt" is in grut restaurearre monumint fan 'e tekstylkultuer yn Bocholt.

De yndustrialisaasje soarge wer foar in soad ekonomyske opgong; oant 1914 waarden der teminsten 114 nije tekstylfirma's stifte, itjinge as in katalisator wurke foar it tal ynwenners en de fierdere ûntjouwing fan 'e ynfrastruktuer.

It katolike Bocholt bleau oant de machtsoername fan 'e nasjonaalsosjalisten in bolwurk de Deutsche Zentrumspartei. De joadske befolking waard hielendal, as hja teminsten net op 'e tiid flechte wiene, nei it konsintraasjekamp deportearre en dêr fermoarde. Op 22 maart 1945 waard de stêd bombardearre en foar 85% ferneatige. Op 29 en 30 maart wisten Britske troepen Bocholt yn te nimmen. De Britske besetting setten yn in earder kriichsfinzenenkamp in DP-kamp op, dêr't saneamde Displaces Persons in ûnderkommen yn krigen. De measten dêrfan wiene twangarbeiders út Poalen, Estlân, Litouwen en Joegoslaavje. It kamp bleau noch oant de jierren 1950 bestean, om't in soad bewenners wegeren werom te gean nei harren troch kommunisten bestjoerde lannen. It kamp bleau aktyf, mei't letter ek flechtlings út Hongarije en de Dútske Demokratyske Republyk opfongen waarden.

De weropbou fan 'e stêd waard nei de kriich mei faasje oppakt. Ynearsten profitearre ek de tekstylyndustry wer fan 'e bettere tiden, mar lang om let koe dy net op tsjin de konkurrinsje fan it bûtenlân. Ynstee dêrfan brocht de metaal- en elektroyndustry nije wurkgelegenheid, sektoaren dy't ek hjoeddedei noch in stimpel sette op 'e ekonomy fan Bocholt.

Sûnt 1975 is Bocholt net mear in selsstannige kreis en foarmet de stêd in ûnderdiel fan 'e kreis Borken. Troch de opheffing fan 10 lytsere gemeenten om Bocholt hinne naam lykwols sawol it grûngebiet as it ynwennertal fan it stedsgebiet fierder ta.

Foar de Achterhoeke foarmet de stêd in populêr plak om boadskippen te dwaan.

Sûnt 1975 is de gemeente Bocholt te ferdielen yn alve saneamde Ortsteile: Barlo, Biemenhorst, Bocholt, Hemden, Holtwick, Liedern, Lowick, Mussum, Spork, Stenern en Suderwick. De grinzen fan de Ortsteile komme likernôch oerien mei de âlde gemeentegrinzen fan foar de weryndieling.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Bocholt