Joadske mienskip fan De Gordyk
De Joadske mienskip fan De Gordyk wie de mienskip fan Joaden dy't foarhinne yn it Fryske doarp De Gordyk en omkriten wennen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste Joaden ferbleaune, ynsafier bekend, tusken 1755 en 1775 op De Gordyk, mar dy wennen der yn dy tiid nea lang. Nei 1775 fêstigen har lykwols hieltyd mear Joaden yn it doarp en oanbuorjende doarpen lykas Lippenhuzen, Koartsweagen en Terwispel dy't har der wol permanint nei wenjen setten, sadat der in lytse mienskip ûntstie. Yn 'e doarpen gouwen yn 'e achttjinde iuw, oars as yn 'e stêden, nammentlik gjin beheinings foar de Joaden.
Oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw ûntjoech de lytse mienskip him ta in organisearre joadske gemeente. Yn 1804 waard in stik heide yn Koartsweagen oankocht om in eigen begraafplak fan te meitsjen. It tinken is dat de Joaden fan De Gordyk harren ferstoarnen oant dy tiid op it Joadsk Begraafplak fan Noardwâlde begroeven. Yn 1807 waard oan 'e Langewâl op De Gordyk in lytse synagoge set, dêr't yn 1817 in skoalle en in ûnderwizerswente byboud waarden. Datselde jiers krige de Gordykster synagoge de rang fan ringsynagoge, mei ûnderhearrige godshuzen op It Hearrenfean en yn Noardwâlde en Drachten. Yn 1809 bestie de Joadske mienskip op De Gordyk út sa'n 70 minsken.
Geandewei de njoggentjinde iuw wreide de mienskip him fierder út. Der kaam in genoatskip foar talmoedstúdzje en yn 1853 waard der in eigen earmhûs foar Joaden oprjochte. In Joadsk toanielselskip joech yn 1871 ferskate foarstellings. Letter ûntstie der ek in eigen ôfdieling fan 'e Alliance Israelite Universelle. De Joadske mienskip op De Gordyk berikte syn grutste omfang yn 1869, doe't der 186 leden wiene. Fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ôf belune it tal Joaden yn Opsterlân earst stadichwei mar letter hieltyd flugger.
Al yn 'e 1930-er jierren waarden der fanwegen it weromrinnend tal leden fan 'e gemeente noch mar selden tsjinsten holden yn 'e Gordykster synagoge. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden de Joaden út it doarp fan septimber 1942 ôf deportearre nei de ferneatigingskampen yn Poalen. Dêre oankommen waarden de measten fan harren as ûnderdiel fan 'e Holokaust troch de nazys fermoarde yn 'e gaskeamers. Yn 'e omkriten fan De Gordyk oerlibben wol tsientallen Joadske ûnderdûkers út oare plakken de oarloch. Neitiid waard de Joadske gemeente op De Gordyk yn 1948 opheft en by dy fan Ljouwert foege. De synagoge, dy't al slim yn ferfal rekke wie, waard yn 1953 ôfbrutsen.
Yn 1956 waard yn it hoekpân fan 'e Gordykster Haadstrjitte in tinkstien oanbrocht ta oantins oan 'e ferdwûne Joadske mienskip, mei de folgjende Frysktalige tekst:
Mei't wy dy nea forjitte
O Israel
Dyn glâns, dyn delgong
en dyn wreed fordjer
Sjocht as in moanjend
tsjûg’nis op ús del
dyn ivich, godlik teken:
Davids stjer
Yn 2016 waarden foar harren eardere huzen yn it doarp fjirtjin stroffelstiennen lein mei de nammen fan Joaden dy't yn 'e Holokaust omkommen binne.
Oarlochsdeaden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De leden fan 'e Joadske mienskip fan De Gordyk dy't omkamen yn 'e Holokaust, wiene:
adres | namme | berte | ferstjerren | âldens | berop | opmerkings |
---|---|---|---|---|---|---|
Haadstrjitte 2 | Bertha Scholten | De Gordyk, 27 aug. 1872 | Auschwitz, 23 nov. 1942 | 70 jier | keapfrou | |
Langewâl 28 | Jozef Leefsma | De Gordyk, 13 febr. 1892 | Blechhammer, 28 jann. 1945 | 52 jier | skroar | heit fan Izak Leefsma, Magalina Leefsma en Jacob Leefsma, skoanheit fan Dina Leefsma-De Vries |
Izak Leefsma | De Gordyk, 19 july 1917 | Auschwitz, 31 des. 1944 | 27 jier | boekhâlder | soan fan Jozef Leefsma, broer fan Magalina Leefsma en Jacob Leefsma, man fan Dina Leefsma-De Vries | |
Dina Leefsma-De Vries | Amsterdam, 6 des. 1917 | Auschwitz, 31 des. 1944 | 27 jier | tsjinstfaam | frou fan Izak Leefsma, skoandochter fan Jozef Leefsma, skoansuster fan Magalina Leefsma en Jacob Leefsma | |
Magalina Leefsma | De Gordyk, 27 nov. 1918 | Sobibor, 7 maaie 1943 | 24 jier | n.f.t. | dochter fan Jozef Leefsma, suster fan Izak Leefsma en Jacob Leefsma, skoansuster fan Dina Leefsma-De Vries | |
Jacob Leefsma | Ljouwert, 28 maart 1935 | Auschwitz, 11 febr. 1944 | 8 jier | n.f.t. | soan fan Jozef Leefsma, broer fan Izak Leefsma en Magalina Leefsma, sweager fan Dina Leefsma-De Vries | |
Langewâl 38 | Marcus Colthof | De Gordyk, 22 maaie 1889 | Sobibor, 23 july 1943 | 54 jier | slachter | man fan Liena Colthof-Gudema, heit fan Esther Colthof |
Liena Colthof-Gudema | Onstwedde, 13 sept. 1881 | Sobibor, 23 july 1943 | 61 jier | húsfrou | frou fan Marcus Colthof, mem fan Esther Colthof | |
Esther Colthof | De Gordyk, 4 jann. 1925 | Auschwitz, 26 febr. 1943 | 18 jier | n.f.t. | dochter fan Marcus Colthof en Liena Colthof-Gudema | |
Langewâl 48 | Abraham Benadictus Leefsma | Súdhorn, 11 febr. 1909 | Groß-Rosen, 7 febr. 1945 | 35 jier | berop ûnbekend | man fan Matje Leefsma-Wolf |
Matje Leefsma-Wolf | Meppel, 14 des. 1911 | Auschwitz, 31 aug. 1945 | 32 jier | húsfrou | frou Abraham Benadictus Leefsma | |
Tsjerkewâl 56 | Eliazar van der Kaars | De Gordyk, 24 des. 1876 | Auschwitz, 19 nov. 1942 | 65 jier | hûdekeapman | man fan Johanna van der Kaars-Goldsmith, heit fan Emanuel van der Kaars |
Johanna van der Kaars-Goldsmith | Winsum (Grinslân), 2 okt. 1870 | Auschwitz, 19 nov. 1942 | 72 jier | húsfrou | frou fan Eliazar van der Kaars, mem fan Emanuel van der Kaars | |
Emanuel van der Kaars | De Gordyk, 26 sept. 1886 | Auschwitz, 19 nov. 1942 | 56 jier | hûdekeapman | soan fan Eliazar van der Kaars en Johanna van der Kaars-Goldsmith |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|