Springe nei ynhâld

Harns-Skylge Roeirace

Ut Wikipedy
Harns-Skylge Roeirace
Harlingen-Terschelling Roeirace
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Harns
Skylge
holden yn Harns, West-Skylge
datum freed nei Himelfeartsdei
bysûnderheden
ôfkoarting HT Roeirace
soarte evenemint sportevenemint (roeien)
bestean 1975 – no
org. troch Stifting HT-Roeirace
offisjele webside
www.htroeien.nl
Dizze side giet oer de roeiwedstryd fan Harns nei Skylge. Foar de sylwedstryd tusken dy beide plakken, sjoch: HT Race.

De Harns-Skylge Roeirace (Nederlânsk en offisjeel: Harlingen-Terschelling Roeirace) is in roeiwedstryd dy't elts jier op 'e freed nei Himelfeartsdei holden wurdt. It giet om sloeproeien, wêrby't de dielnimmers in ôfstân fan likernôch 34 km ôflizze moatte fan Harns nei West-Skylge. Der dogge maksimaal 130 sloepen mei, útslutend troch dêrfoar útnûge te wurden troch de organisaasje efter it barren. Dat is de Stifting HT-Roeirace út West-Skylge, dy't ferbûn is oan 'e Hegere Seefeartskoalle Willem Barentsz. De earste Harns-Skylge Roeirace fûn plak yn 1975, yn it ramt fan it hûndertjierrich bestean fan 'e seefeartskoalle.

De Harns-Skylge Roeirace wurdt beskôge as de "keninginnetocht" fan it Nederlânske sloeproeien. It is ien fan 'e swierste roeiwedstriden fan Nederlân, benammen as it waar net optimaal is. Dan hawwe de roeiers nammentlik behalven mei de weagen en it tij ek noch te krijen mei wyn en mooglik delslach. Oer it algemien falle der sadwaande ek geregeldwei sloepen ûnderweis út. Yn 2013 waard fanwegen it minne waar sels de hiele Harns-Skylge Roeirace ôflast. Dat soarge lykwols al foar in nije tradysje: it bungeeroeien. Dêrby wurde de sloepen yn 'e haven fan Harns oan in grou elastyk lein, sadat der roeid wurde kin sûnder fan 't plak te kommen. Dit bungeeroeien wurdt sûnt dy tiid altyd op 'e sneon nei Himelfeartsdei holden, dus in dei nei de eigentlike wedstryd.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: