Sloeproeien
Sloeproeien is in ûnderdiel fan de sport roeien, en wol yn orzjinele rêdingssloepen fan skippen en whalers. Der binne 6-, 8-, 10- en ek wol 12-persoans roeisloepen. Tsjintwurdich binne der ek net-orzjinele roeisloepen dy't spesjaal foar wedstriden boud binne.
Wedstriden wurde roeid mei in handikapsysteem: op basis fan levere fermogen per roeier (wattaazje) wurdt in útslach berekkene.
De sport is sterk yn opkomst, der binne anno 2006 ûngefear 200 sloepen dy't geregeld oan de 10 oant 20 wedstriden meidogge. De lêste wedstryd fan it seizoen is Muiden-Pampus-Muiden.
De FSN (Federaasje Sloeproeien Nederlân) organisearret it Nederlânsk Kampioenskip. Op de kalinder stean ferskate wedstriden, ûnder oare lange-ôfstânswedstriden en sprintwedstriden. De keninginnerees fan it jier is de roeisloepenrees Harns-Skylge, in ôfstân fan sirka 35 km, fan ein maaie.
De sport wurdt hast nearne oars dien as yn Nederlân. Der binne wol inkele wedstriden yn Grut-Brittanje, Dútslân, Frankryk en Itaalje.
Sloeproeiferienings Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Daventre Portu, Dimter
- VA Banque, Rotterdam
- HattemRoeit, Hattem
- De Sân Dollen, Saandam
- Sloeproeiferiening Haarlim, Haarlim
- tiog, Rotterdam
- Roeiferiening It Amelân, It Amelân
- Sloeproeiferiening Okke Hel, Harns
Sloeproeiwedstriden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- april, 10 Myl fan IJmuiden
- april, Hârnzer Sloeperees
- april, Grêfterees Utert rûnDom
- april, Leidske Sloeperees
- april, Lemmer Roeirees, Iepen Frysk Kampioenskip
- maaie, Harns-Skylge Sloeperees
- maaie, Slach om de Saan
- maaie, Sloeperees Grou
- juny, 12 Myl fan Hynljippen
- juny, Lutine Sloeperees
- juny, Sprintwedstriden Rotterdam
- july, Kaachwike
- augustus, Keizer Karelkup Gint
- augustus, Mokselrees Yrseke
- augustus, Noardwyk Beach Event
- augustus, Slach om Makkum
- septimber, Great River Race Londen
- septimber, Maasrees Rotterdam
- septimber, Fearske Marrees
- septimber, Swarte Wetterrees
- oktober, Grêfterees Amsterdam
- oktober, Fiktoarje Sloeperees Alkmar
- novimber, Muiden-Pampus-Muiden
- Boulevardrees Flissingen
- Dimter-Kampen
- Ocean to City Race Cork, Ierlân
- Skipperkesrees Warmond