Sybrant Hanssen
Sybrant Hanssen, folút Sybrandt Hansz. Cardinael, (Harns, 1578 - Amsterdam, 1647) wie in Fryske wiskundige, lânmjitter, rekkenmaster en skriuwer fan wiskundige (lear)boeken.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cardinael waard berne yn in minniste húshâlding as soan fan Hans Sybrandsz Cardinael en Ymcke Emesdr. Op 28 augustus 1607 troude er yn Amsterdam mei Levijntje Panten (Harns, 1586/87 - Amsterdam, 1664). Se krigen seis dochters, dêr't ien fan, Cathalyntie, yn 1651 troude mei de oersetter Jan Hendriksz Glazemaker. Cardinael waard ynternasjonaal bekend troch syn orizjinele Hondert geometrische questien met hare solutien. Dat boek waard troch Christiaan Huygens bestudearre op oanrieden fan syn learaar Jan Stampioen. Hy makke diel út fan de Eerste Nederduytsche Academie fan Samuel Coster en advisearre de Admiraliteit fan Amsterdam oer it plak op see (it lingteprobleem, sjoch lingtebepaling en lingtegraad).
Lânmjitter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cardinael helle in akte fan admisje as lânmjitter foar it Hof fan Fryslân.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1605 ôf hie Cardinael in skoalle oan de Nieuwe Nieuwstraat yn Amsterdam, dy't hy oernaam fan syn skoanheit Panten. Hy joech de fakken aritmetika, mjitkunde, lânmjitkunde, wynroeien, stjerrekunde mar de klam lei op de navigaasjelear en it boekhâlden. Nei Cardinael joegen Abraham de Graaff en Claes Hendricksz. Gietermaker op itselde adres les.
Tsjinstanner
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin it heliosintrisme fan Copernicus fersette hy him yn in wiskundich boek. Hy wie ek tsjinstanner fan it brûken fan algebra, doe de Regel fan Coss neamd, yn de mjitkunde.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1614 - Hondert geometrische questien met hare solutien (makket diel út fan: L.Sems et al., Pracktijck des landmetens, Amsterdam, W.J. Blaeu, 1614.)
- 1617 - Dútske oersetting troch Sebastian Curtius (Tractatus geometricus, darinen hundert schöne ausser-lesene liebliche Kunst quaestiones ... von ... : Sybrand Hanss ... beschrieben ... in Hochteutsch transferiert durch Sebastianum Curtium .., Amsterdam, 1617)
- 1650 - Ingelske oersetting troch Thomas Rudd
- 1635 - Mathematische| Ofte| Wisconstige bewijs-redenen, waer| mede bevvesen vvort, dat de Aerdcloot stil staet, en de sonne daghelijcx sijnen loop doet : teghens het ghevoelen van N. Copernicus door Sybrand Hansz Cardinael, Amstelredam by Corn. Gerritsz van Breugel, foar Sal. Savery, 1635.
- 1639, 1644 - Het eerste schoolboeck van Mr. Sybrand Hansz. Cardinaels Arithmetica (noch trije fierdere dielen folgen)
- 1644 - Arithmetica ofte reeckenkonst door Sybrant Hansz Cardinael, t'Amsterdam by Everh. Cloppenburgh
- 1647 - Het derde School-Boeck door Sybrand Hansz Cardinael, Amsterdam, J.J. Bouman, 1647.
- 1648 - Het tweede School-Boeck door Sibrand Hansz Cardinael, Amsterdam, J.J. Bouman, 1648.
- ? - Over het wijnroeien
- 1704 - Tafel om door behulp van dien seer lichtelijcke te bereekenen hoe veel dat eenighe partije van quarteelen traen, met de minder gedeelte (als de stee-kannen ende mingelen) in gelt bedraghen; so door additie, als multiplicatie door Sybrandt Hansz Cardinael, 't Amsterdam : by Pieter en Karel van Rychoren ..., 1704.
Reputaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vondel neamde Cardinael de Fryske Euklides fan Aleksandrje yn it ûndersteande gedicht:
Lyfwacht voor Meester Sybrant Hanssen
Kardinael, Den Vrieschen Euklides
- De Vriesche Euklides hangt alleen
- Van cijferletters hecht aen een.
- Bewaert toch Sybrant met uw allen.
- Bewaart dien Rekenschat getrouw:
- Viel Kardinael van ’t plat, hy zou
- Aen cijferletters stukken vallen
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Artikel Cardinael yn Biografysk wurdboek fan Nederlânske wiskundigen troch Matthijs Sitters
- Artikel Cardinael in de geschiedenis van de wiskunde troch Jan van Maanen
- Publikaasje op WorldCat
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|