Samuel Coster
Samuel Coster (Amsterdam, 16 septimber 1579 - dêre, 1665) wie in Nederlânsk toanielskriuwer en dokter.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Coster wie de fyfde fan Adriaen Lennaertz, koster en timmerman, en Aeltgen Jansd. Om 1605 moat er lid west hawwe fan de Amsterdamse rederikerskeamer d'Eglantier. Faaks waard er stipe troch begoedige freonen doe't er him yn 1607 ynskriuwe liet by de universiteit yn Leien. Hy studearre earst letteren, mat promovearre 1610 ta doktor yn de medisinen. Werom yn Amsterdam waard er dokter by it Gasthûs.
Coster spile sa'n tsien jier in liedende rol yn it literêre libben fan Amsterdam, benammen wat toaniel oanbelange. Teeuwis de boer, in blijspul dat wierskynlik al yn syn Leienske tiid ûntstie, waard yn 1612 opfierd troch d'Eglantier. It stik waard ynspirearre troch in folkslietsje en Coster frofitearre fan tal fan koartswilige tema's en figueren: in hjitte man boaske oan in âld wiif, in boer foar in stedske persoan oer, in swetser fan in Westfaalsk pratende keale jonker, in Frânske parlefinkende slûchslimme abbekaat dy't mar úteinlik dochs bedragen útkomt. Yn 1613 ferskynde, yn earstoan anonym, it Spel van Tiisken vander Schilden fan Coster. Op grûn fan oerienkomsten yn styl mei syn oar wurk waard it stik oan him taskreaun.
Teffens skreau Coster it earste 'klassike' treurspul yn it Nederlânsk: Ithys. Hoewol't it foar it grutstepart yn de styl fan de pastorale skreaun is, is it tige bluodderich drama, ûntliend oan ien fan wreedste episoaden út de Metamorphosen fan Ovidius: it ferhaal fan Tereus en Procne.
Om 1615 hinne waarden de ferhâldingen yn d'Eglantier minder, âld botste op nij, Hollânsk op lânsfjemd, domme selsoerskatting op kritysk talint. It besykjen fan Hooft ta rekonstruksje fan de 'âlde keamer' waard neat. De brek kaam yn 1617, in lytse groep bejeftige lju, mei Hooft en Bredero dêrby, stichte ûnder Coster syn lieding de 'Duytsche Academie'. It wie de bedoeling om net allinne poëzy en toaniel te beoefenjen, mar boppedat ek wittenskiplike lêzingen yn it Nederlânsk te organisearjen. De universiteiten fan Leien, Frjentsjer, Hurderwyk en Grins joegen doetiids kolleezje yn it Latyn.
Novimber 1617 waard in nij klassyk drama fan Coster spile: Iphigenia. It drama hikele yn in bemantele foarm de godstsjinststriderij en de fanatike driuwerij fan de kalvinistyske predikanten, mei fan gefolgen dat dy predikanten fuortendaliks by de boargemaster klagen. Dat kaam de akademy op it predikaat antiklerikaal op en dat wie ek sa. Bot slagge opfierings fan Bredero's Spaanschen Brabander en Hooft syn Warenar koenen dêr neat oan feroarje.
It ferstjerren fan Bredero, augustus 1618, tragyske politike tastannen yn deselde moanne, de terjochtstelling fan Oldenbarnevelt, maaie 1619, hawwe de kânsen fan de Akademy beheind.
Coster hie it drok as dokter dat hy hat yn de lettere jierren net folle publisearre. Wol fersoarge er noch werprintingen fan syn earder wurk en de meast wichtige Amsterdamske letterkundigen bleaune syn freonen. De doelstellingen fan de Akademy waarden 1637 realisearre mei de oprjochting fan de nije Skouboarch. Dat wie Samuel Coster syn wurk net, mar in jongere generaasje joech stal oan wat hie wold hie. It Amsterdamske Ateneum (1632) is wol opfolger fan de Akademy neamd, mar it Ateneum naam fral foarbyld oan de universiteiten en joech klassike fakken yn it Latyn, hoewol't der inkeld ek kolleezjes navigaasjekunde yn it Nederlânsk jûn waarden.
Wurk fan Coster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boere-klucht van Teeuwis de Boer, en men Juffer van Grevelinckhuysen (1612, 1e pr. 1627)
- Ithys (1615)
- Spel van de rijckeman (1615)
- Warenar (1617, tegearre mei P.C. Hooft)
- Iphigenia (1617)
- Isabella (tekst oant fers 362 fan Hooft) (1619)
- Polyxena (1619)
- Duytsche Academi (1619), gelegenheidsspul
- Ghezelschap der Goden vergaaert op de ghewenste bruyloft van Apollo (1618)
- Nederduytsche Academijs Niemant ghenoemt, niemant gheblameert (1620)
Nije útjeften fan Coster syn wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- R.A. Kollewijn (ed.), S. C's werken (1883)
- N.C.H. Wijngaards (ed.), Boere-klucht van Teeuwis de boer (1967)
- G. van Eemeren (ed.), Polyxena (1980)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Samuel Coster fan Wikimedia Commons. |