Fiskerijdagerin

Ut Wikipedy
Fiskerijdagerin
Visserijdagenloop
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Harns (gemeente)
plak Harns (stêd)
tiid fan it jier ein aug. / begjin sept.
bysûnderheden
gelegenheid Fiskerijdagen Harns
soarte evenemint sportevenemint (hurddraven)
bestean 1988 – no
org. troch Sportferiening Fryslân
offisjele webside
www.svfriesland.nl/...

De Fiskerijdagerin (Nederlânsk en offisjeel: Visserijdagenloop) is in atletykevenemint dat sûnt 1988 elts jier holden wurdt op in jûn ûnder de Fiskerijdagen yn 'e Fryske stêd Harns. It is in hurddraafwedstryd, wêrby't de dielnimmers kieze kinne foar in trajekt fan 5, 10 of 16 km. Teffens is der in jeugdrin fan 1 km lang. Oan dit evenemint dogge elts jier tusken de 250 en 350 persoanen mei.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarôfgeande oan 'e oprjochting fan 'e Fiskerijdagerin, yn 1988, waarden yn Harns elts jier ferskate hurddraafeveneminten organisearre, wêrûnder de Pypkerin, de Spikerrin en inkele wedstriden op 'e atletykbaan by it Streeksikehûs Oranjeoard. Dy eveneminten binne neitiid allegear opdoekt. Dat de Fiskerijdagerin wol bestean bleaun is, wie benammen te tankjen oan Wybren Visser en dy syn dochter Fenny, dy't der jierrenlang foar soargen dat der jildprizen te fertsjinjen wiene foar de dielnimmers. En dêrby gie it net inkeld om 'e prizen foar it earste, twadde en trêde plak op eltse ôfstân. Want tagelyk mei de rin waard in lotterij foar de dielnimmers organisearre, wêrby't it startnûmer fan 'e dielnimmers ek harren lotnûmer wie. Sa koene elts jier mear as hûndert dravers mei in pryske op hûs oan.

Anno 2018 waard de Fiskerijdagerin organisearre troch Sportferiening Fryslân. It evenemint waard sponsore troch Jumbo Supermerken, dy't alle dielnimmers in tas mei lekkernijen joech. Ek wiene der noch prizen te winnen yn 'e ferlotting, en de winners krigen fierders blommen dy't levere wiene troch Túnsintrum Van der Meer. De start en finish fan 'e rin, dy't oarspronklik by it gebou fan Fuotbalferiening Seerobben en letter by dat fan Fuotbalferiening Harns holden waarden, fûnen yn 2018 alwer jierren plak by de Waadhal, dêr't foar alle dielnimmers rom foldwaande parkeargelegenheid en fasiliteiten om har om te klaaien en te dûsen wiene. Op 'e rûte wiene twa fersoargingsposten mei û.m. drinken opsteld by it tankstasjon oan 'e seedyk en yn 'e Kimswerter Mieden.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ――, 31e Visserijdagenloop Harlingen, yn: van Wad tot Stad, 28 augustus 2018, s. 21.