Hynstemaraton Harns
Hynstemaraton Harns Paardenmarathon Harlingen | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Harns (gemeente) | |
plak | Harns (stêd) | |
holden yn | terrein o/d Ludingawei | |
tiid fan it jier | mids augustus | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sportevenemint (hynstesport) | |
bestean | 2007 – no | |
offisjele webside | ||
Hynstemaraton Harns op HarlingenBoeit.nl |
De Hynstemaraton Harns (Nederlânsk en offisjeel: Paardenmarathon Harlingen) is in hynstesportbarren dat elts jier yn 'e moanne augustus holden wurdt yn 'e Fryske stêd Harns. Dit evenemint waard yn 2007 foar de earste kear organisearre troch in groep freonen en famyljeleden dy't sljocht wiene nei de mensport. Anno 2018 binne der ek in protte oare frijwilligers by belutsen.
De Hynstemaraton Harns fynt plak op in terrein oan 'e Ludingawei, deunby de wettersuveringsynstallaasje. Oarekant de wei is dêr rom parkeargelegenheid foar de besikers. Op it terrein waarden yn 2018 sân hindernissen boud. Dy moasten troch de 56 dielnimmende menners en harren hynders sa fluch mooglik nommen wurde, wat foar it publyk in protte spektakel opsmiet. Der diene sawol hynders as ponnys mei oan it evenemint, dat fierders inkelspannen, dûbelspannen, fjouwerspannen en tandems omfieme. Foar bern wie der in grut springkessen op it terrein opsteld.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|