Hindrik Jans Westra
Appearance
Hindrik Jans Westra (Harns, 1766 – Harns, 11 septimber 1831) wie boargemaster fan Assen.
Westra waard 15 april 1766 yn de Grutte Tsjerke fan Harns doopt. Hy wie in soan fan keapman Jan Jarigs Westra en Dieuwke Pesma. Hindrik troude mei Hiltje Schaaff (1766-1790) en Eva Fontein (1773-1856). Mr. Westra wie abbekaat fan it Hof fan Fryslân (1788-1802), baljuw (1810) en frederjochter (1811). Hy wie mei-oprjochter fan de frijmitselderslôzje yn Harns. Hy waard letter direkteur fan de yn- en útgeande rjochten en aksynzen yn Drinte (1820). Yn 1831 waard hy boargemaster fan Assen, hy stoar lykwols dat jier yn syn berteplak. Westra waard opfolge troch wethâlder Hindrik Jan Oosting.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|