De Haven (Harns)
De Haven | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Harns | |
adres | Noarderkade | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 1926, 2006 | |
arsjitekt | J Jonge, Rotterdam; Kouwen BNA, Tolbert | |
offisjele webside | ||
Side kristlik griff.-frijmakke gemeente |
De Haven oan de Noarderkade is de tsjerke fan de kristlik grifformearde-frijmakke gemeente yn Harns.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard yn 1926 foar de grifformearde gemeente fan Harns. Yn 1944 ûntstie der in skuorring yn de hechte grifformearde mienskip troch in skeel oer de doop tusken de synoade en in groep ûnder lieding fan de teolooch Klaas Schilder. Dat hie ek gefolgen foar de Harnzer gemeente. It tsjerkegebou waard tawiisd oan de folgelingen fan Klaas Schilder, de saneamde frijmakken. De groep dy't trou bleau oan de synoade, de saneamde synoadalen, rekken harren tsjerke kwyt en bouden letter oan de Mullumerleane harren eigen tsjerke.
Op 23 desimber 2004 baarnde de tsjerke oant de grûn ta ôf. De byldbepalende tsjerke waard yn de oarspronklike steat opboud, mar de ynrjochting fûn yn moderne styl plak. De troffen frijmakke gemeente krige yn dy tiid in soad help fan oare tsjerken oanbean. Se mocht foar de tsjinsten gebrûk meitsje fan de synoadaal-grifformearde tsjerke oan de Mullumerleane en de katolike Michaelparochy joech sels jild foar de weropbou. Op sneon 16 desimber 2006 koe de tsjerke wer op 'e nij yn gebrûk nommen wurde.
Sûnt de weropbou draacht it tsjerkegebou de namme "De Haven".[1]
Yn 2008 fûn ek de kristlik-grifformearde gemeente fan Harns ûnderdak yn De Haven nei't de gemeente op snein 23 novimber fan dat jier foar it lêst in tsjinst yn de Ichtustsjerke fierd hie. Yn 2010 ferhûze de klok út de toer fan de Ichtustsjerke nei de stielen klokkestoel, dy't foar De Haven stiet.[2]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de brân gyng ek it monumintale oargel fan L. van Dam & Soannen út 1864 ferlern, dat oarspronklik boud wie foar de Eastertsjerke yn Ljouwert en yn ferbân mei de ôfbraak fan dy tsjerke letter oernommen wurde koe troch de frijmakke gemeente.[3]
It tsjintwurdige oargel waard op 31 maart 2007 yn gebrûk nommen en waard yn 1953 troch de firma Reil út Heerde boud foar de Barnabastsjerke yn Apeldoarn. By de bou makke Reil gebrûk fan ûnderdielen fan in yn 1794 troch Johannes Stephanus Strumphler boud ynstrumint. Yn 1963 en 1982 fûnen der troch Reil feroarings oan it oargel plak. Doe't de Barnabastsjerke in oar oargel oernaam fan de sletten Paulustsjerke yn Den Haach, kocht Van Vulpen it ynstrumint oan, dy't it ynstrumint yn in wizige foarm wer opboude yn de frijmakke tsjerke fan Harns.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|