Simon Stijl

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Simon Stijl

Simon Stijl (Harns, 25 febrewaris 1731 - dêre, 4 maaie 1804), wie in Harnzer dokter, politikus en skriuwer.

As tolvejierrige begûn hy oan in stúdzje oan de Frjentsjerter hegeskoalle. Hy promovearre yn 1745 ta Dokter yn de Genêskunde, wêrnei't hy him yn Harns ta wenjen sette en him festige as dokter. Hy skreaun ferskate fersen, gedichten en toanielstikken. Yn 1795 waard hy lid fan de Nasjonale Gearkomste om mei te helpen oan it stiftsjen fan de Bataafske Republyk.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De toerbou fan de flekke Brikkekiks yn it lânskip Batrachia.
  • De frijer nei de keunst.
  • Krispyn filosoof, (1768)
  • De opkomst en bloei fan de Feriene Nederlannen, (1774)
  • It libben fan Jan Punt, (1781)

Postúm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 29 desimber 1860 waard yn Harns in boarstbyld fan him ûntbleate, spesjaal ûntwurpen troch byldhouwer Louis Royer en bekostige út in legaat fan in omke fan him, de Ljouwerter doktor Jan van der Plaats. Dr. J.G. Ottema hâlde yn de Doopsgesinde Fermanje in feestrede.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]