Simon Miedema
Appearance
Simon Miedema (Harns, 13 july 1860 - Rotterdam, 5 maaie 1934) wie in Nederlânsk byldhouwer.
Miedema wie in soan fan keunstskilder Rein Miedema (1835-1912) en Jeltje Schaafsma. De hûshâlding Miedema ferhuze yn 1861 nei Rotterdam, dêr't heit Miedema learaar oan de Akademy fan Byldzjende Keunsten en Technyske Wittenskippen waard. Simon Miedema soe syn oplieding oan dizze akademy krije en dêr letter sels dosint wurde.
Fral yn Rotterdam binne mear as ien wurk fan Miedema te finen, ûnder mear in tal bylden by it stedhûs, gevelbylden foar it Wite Hûs oan de Wynhaven en de Wilhelminafontein oan it Boargemaster Hoffmanplein.
Wurken yn de iepenbiere romte (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Christus (1889), by de âldkatolike tsjerke St. Vitus oan it Melkpad yn Hilfertsom
- Vooruitgang, Nijverheid, Landbouw, Handel en Arbeid, gevelbylden foar it Wite Huis (1898), Wynhaven, Rotterdam.
- bylden Regentessebrêge (1898), Rotterdam
- Wilhelminafontein (1898), Boarg. Hoffmanplein, Rotterdam
- Ingel, Paradystsjerke (1909), Rotterdam
- gevelreliëfs (1915) bioskoop Luxor, Willemsplein, Arnhim
- fontein (1920), stedhûs Rotterdam
- Julianavaas, Vijverlaan, Kralingen
- Gipsreliëf van het gelaat van Christus, Herfoarme tsjerke, Makkingea
-
Kristusbyld yn Hilfertsom (1889)
-
Landbouw yn Rotterdam (1898)
-
Stedhûsfontyn yn Rotterdam (1920)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oer Simon Miedema by it Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje
- Simon Miedema, de ûntwerper fan de fasadebylden fan it Wite Hûs
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Simon Miedema fan Wikimedia Commons. |