Rein Miedema

Ut Wikipedy

Rein Miedema (Harns, 12 augustus 1835 - Rotterdam, 23 april 1912) wie in keunstskilder yn Harns.

Miedema wenne en wurke yn Harns, wie troud mei Jeltsje Schaafsma. De húshâlding ferhuze yn 1861 nei Rotterdam doe't er dêr learaar wurde koe oan de Akademy fan Byldzjende Keunsten en Technyske Wittenskippen. Harren soan Simon Miedema krige dêr syn oplieding, waard byldhouwer en letter ek dosint oan de Akademy. Yn Rotterdam hertroude hy mei Helena van Bakergem, neidat hy widner waard fan syn earste frou[1].

Hy skildere see- en riviergesichten yn in styl dy't de oergong fan de Romantyske- nei de Haachske Skoalle ynliedt. Hy waard ynspirearre troch de omkriten fan Rotterdam, de Fryske kust en plakken om de Sudersee hinne. Under oaren Gemeentemuseum It Hannemahûs yn Harns en it Frysk Skipfeart Museum yn Snits hat wurk fan him.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://rotterdam.digitalestamboom.nl/detailx.aspx?p=18256383&ID=511252&book=O&role=D&page=1