Klaas Norel
Klaas Norel, gewoanwei oantsjutten as K. Norel (Harns, 9 novimber 1899 – Baarn, 4 maaie 1971) wie in skriuwer fan benammen berneliteratuer en fersetsman yn de Twadde Wrâldoarloch.
Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei syn legere skoalletiid gie hy nei de ULO, mar nei it ferstjerren fan syn heit moast norel op 14-jierrige leeftyd fan skoalle ôf. Hy gie op in kantoar wurkjen om sadwaande thús wat jild yn te bringen. Dochs wie it kantoarwurk nei wat de jonge Norel woe. Neidat er yn tsjinst west hie gie er de sjoernalistyk yn. Hy wie redakteur by ûnder oare ‘de Vrije Westfries’ en it wykblêd ‘De Spiegel’.
Norel blykte oer in flotte pinne te beskikken en op oanrieden fan in kunde skreau er syn earste boek: ‘Land in zicht’ oer de drûchlizzing fan de Sudersee. It boek ferskynde yn 1935 en wie daliks in súkses. Norel syn earsteling hie al de eleminten dy't syn lettere oeuvre kenmerke soenen: avontoer, spanning en wetter. Hy wie in berne ferteller, dy't him dêrneist goed dokumintearre en wist wêr't er oer skreaun. Der ferskynden mear, wylst Norel dêrneist wurkjen bleau as sjoernalist.
Yn maaie 1940 waard Nederlân besetten troch Nazi-Dútslân. Norel wie ien fan de earsten dy't him fersette. Yn juny hie hy de twifeleftige eare om as ien fan de earste sjoernalisten arrestearre te wurden troch de besetter. Hy ferdwûn foar trije wike efter de doarren fan de finzenis. Nei syn frijlitting bleau Norel him fersetten, hy wegere lid te wurden fan de Kultuerkeamer en gie yn it ferset. Al gau dûkte hy ûnder en waard redakteur fan de fersetskrante ‘Trouw’. Yn syn ûnderdûktiid skreau hy ek it boek dat útgroeie soe ta ien fan syn ferneamdste wurken: “Engelandvaarders”.
Nei de oarloch waard hy sjef binnenlân by it wyls legaal útkommende “Trouw”. Dêrneist bleau Norel boeken skriuwen. De kombinaasje fan syn soad easkjende baan mei it skriuwerskip feroarsake sûnensklachten yn de foarm fan in mageswolm. Norel hie yn 'e gaten dat hy in kar meitsje moast en yn 1946 besleat hy him hielendal oan it skriuwen te wijen. Yn in oanhâldend tempo levere hy jierliks meardere manuskripten yn by syn útjouwer. Meiïnoar ferskynden der hûnderttritich titels. Norels boeken wiene populêr. De haadpersoanen út syn boeken, hast allegear manlju en jonges, binne stoer, aventoerlik en benammen fan protestant-kristlike komôf. Yn “Engelandvaarders” bygelyks ‘bekeart’ haadpersoan Evert Gnodde, in fiskerssoan fan Urk, syn sosjaaldemokratyske kammeraat Jan ta it kristlike leauwe. Dêrneist binne de boeken frijwat swart-wyt. De helden binne sûnder blaam, de smjunten sûnder útsûndering labbekakkich. Undanks dit gebrek oan nuânse litte de boeken har flot lêze.
Norel wie ek aktyf yn de tsjerke, hy waard meardere kearen as âlderling keazen en redigearre hy in tsjerkeblêd. Mear en mear hong er oer nei oekumene, sa wie hy aktyf belutsen by it gearranen fan de roomske en protestantske politike partijen ta it CDA.
Yn 1971 kaam Norel om by in auto-ûngelok. Hy leit begroeven op it Amsterdamske begraafplak Zorgvlied.
Foar safier bekend, draacht ien basisskoalle syn namme. De kristlike basisskoalle K. Norel yn Epe (Gld).
Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Land in zicht, 1935
- Het getij verloopt, 1937
- Drie op een schots, 1939
- Doctor Frans, 1942
- Hoeve de Eenhoorn, 1942
- Engelandvaarders, 1945 (trilogy: Vogelvrij, Vuur en Vlam en Verzet en Victorie)
- Strijders, 1946
- Verzet en victorie, 1947
- De tyrannie verdrijven, 1947
- Scheepsmaat Woeltje, 1948 (trilogy mei Stuurman Aart en Schipper Wessels)
- Stuurman Aart, 1949
- Mannen van Sliedrecht, 1949
- Schipper Wessels, 1950
- Ik worstel en kom boven, 1953
- Loods aan boord , 1957
- S.O.S. "Wij komen!", 1959
- Varen en Vechten, 1961 (trilogy: Eerste wacht, Hondenwacht en Dagwacht)
- Vliegers in het vuur, 1963 (trilogy: Met de rug tegen de muur, Trillende Evenaar en Voorwaarts!)
- Mannen en dijken, 1965
- De monnik van Wittenberg - Maarten Luther
- Coasters varen uit ?
- Van Doggersbank tot Barentszee
- Op de grote vaart
- Bij de marine
Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Frysk tydskriftredakteur
- Frysk publisist
- Frysk romanskriuwer
- Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk tydskriftredakteur
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk romanskriuwer
- Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Underdûker yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Harns
- Persoan berne yn 1899
- Persoan stoarn yn 1971