Fiskerijdagen Harns
Fiskerijdagen Harns Visserijdagen Harlingen | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Harns (gemeente) | |
plak | Harns (stêd) | |
holden yn | haven en binnenstêd | |
tiid fan it jier | augustus / septimber | |
bysûnderheden | ||
gelegenheid | iepen dagen fiskerijsektor | |
soarte evenemint | kultureel | |
bestean | 1959 – no | |
org. troch | Stifting Fiskerijdagen Harns | |
offisjele webside | ||
www.visserijdagenharlingen.nl |
De Fiskerijdagen Harns (Nederlânsk en offisjeel: Visserijdagen Harlingen) foarmje in evenemint dat fjouwer dagen duorret en elts jier yn ein augustus en/of begjin septimber holden wurdt yn 'e Fryske havenstêd Harns.[1][2] It barren, wêrfan't de earste edysje holden waard yn 1959,[2] ûntstie oarspronklik as in (inkele) iepen dei fan 'e Harnzer fiskerijsektor. It is letter útgroeid ta in meardeisk en folle algemiener folksfeest, hoewol't ûnderdielen yn it ramt fan 'e fiskerij noch altyd wol in sintraal plak ynnimme. Dêrnjonken is de promoasje fan Harns as toeristyske bestimming almar wichtiger wurden. Yn 2009 waard it fyftichjierrich bestean fan it evenemint fierd mei in ekstra grut feest.[boarne nedich]
Organisaasje en besikers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fiskerijdagen binne bedoeld as in feest foar Harnzers en âld-Harnzers, mar likegoed foar lju fan bûten. Bewenners en besikers wurde tsjin 'e eftergrûn fan 'e seishûndert histoaryske monuminten dy't de stêd ryk is, fjouwer dagen efterinoar traktearre op muzyk, sang, dûns, folkloare, keunst, gastronomy, merken, merke, kultuer en sport.[1] It muzykfestival op 'e sneontejûn hjit de Nacht fan Harns.[3] De Fiskerijdagen Harns wurde organisearre troch de Stifting Fiskerijdagen Harns.[2] It feest waard yn 2010 útroppen ta it bêste regio-evenemint yn Nederlân.[1] Bekend is dat besikers benammen út Fryslân komme, mar der binne ek besikers út Drinte, Grinslân en West-Fryslân.[boarne nedich] Mei 170.000 besikers wiene de Fiskerijdagen yn 2006 it grutste meardeiske evenemint fan Fryslân.[boarne nedich]
59e edysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2018 wurdt de 59e edysje fan 'e Fiskerijdagen Harns op 29 augustus iepene mei in optreden fan sjongster Jennie Lena (bekend as finaliste fan 'e talintejacht op 'e tillefyzje The Voice of Holland). Dat bart op it grutte poadium op 'e Grutte Bredepleats, nei taspraken troch boargemaster Roel Sluiter en Jules Dutrieux, de foarsitter fan 'e Stifting Fiskerijdagen Harns.[2] Fêste ûnderdielen binne fan âlds û.m.:[1]
- de iepen dei fan 'e Fiskfeiling Urk, lokaasje Harns mei in grutte Fisktafel;
- flean- en rêdingsdemonstraasjes troch ferskate Definsje-ûnderdielen en oare helptsjinsten;
- in manifestaasje op 'e Rommelhaven om 'e skiednis fan 'e fiskerij hinne;
- in floatskôging;
- in fjoerwurkshow;
- de Fiskerijdagerin (sûnt 1988);
- de Nacht fan Harns.
Dêrnjonken binne der ek nijere ûnderdielen, lykas:[1]
- in workshop roeien;
- it yn 2017 foar it earst yntrodusearre hurdfytskritearium;
- in sambafestival, dat yn 2018 foar it earst holden wurdt.
Gallery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|