Roel Sluiter
Roel Sluiter | ||
politikus | ||
echte namme | W. Roelof Sluiter | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 17 jannewaris 1954 | |
berteplak | De Haach (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
partij | PvdA | |
Boargemaster fan Harns | ||
amtsperioade | 2012 – 2021 | |
foargonger | Paul Scheffer | |
opfolger | Ina Sjerps | |
Wethâlder fan Ljouwert | ||
amtsperioade | 2001 – 2010 | |
Lid fan de gemeenterie fan Ljouwert | ||
amtsperioade | 1994 – 2001 |
Roel Sluiter (folút: W. Roelof Sluiter; De Haach, 17 jannewaris 1954) is in Frysk politikus en ûnderwiisman fan Nederlânsk komôf.[1]
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't er in oplieding oan 'e kweekskoalle ôfrûne hie, studearre Sluiter skiednis oan 'e Ryksuniversiteit Grins.[1] Fan 1981 oant 1994 wied er learaar yn 'e fakken skiednis en maatskippijlear oan 'e Stedske Skoallemienskip yn Ljouwert.[1] Dêrnei wied er oant 2000 ôfdielingsdirekteur fan Aldlân by de Iepenbiere Skoallemienskip "De Delta",[1] en doe (nei in fúzje en reorganisaasje) oant 2001 adjunkt-direkteur fan 'e skoallemienksip "Piter Jelles".[1]
Yn syn studintetiid wie Sluiter aktyf binnen de kommunistyske CPN, en ek nei't er yn 1984 nei Ljouwert ferhuze wie, hold er dy bannen noch ferskate jierren oan.[1] Om 1990 hinne sleat er him lykwols oan by de PvdA, en fan 1994 oant 2001 siet er foar dy partij yn 'e Ljouwerter gemeenterie.[1] Ein 2001 folge er syn ôftreden partijgenoate Hermien de Haan op as wethâlder.[1] Yn 2010 kearde er yn 'e funksje fan beliedsadviseur werom by syn âlde wurkjouwer, skoallemienskip "Piter Jelles", mar dy betrekking wie lykwols mar fan koarte doer.[1]
Begjin 2012 waard Sluiter nammentlik beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Harns, as opfolger fan Paul Scheffer.[1] Harns keas doe foar in waarnimmend boargemaster mei it each op 'e mooglike gemeentlike weryndieling, mar yn 2014 waard dúdlik dat Harns foarearst net yn in gruttere gemeente opgean sil.[1] Dêrom droech de gemeenterie Sluiter op 4 maart 2015 foar foar it "gewoane" boargemasterskip fan 'e havenstêd. Yn maaie 2015 waard er dêr as sadanich ynstallearre.[1]
Mids desimber 2020 makke Sluiter bekend dat er ophâlde woe as boargemaster.[2] Ein desimber waard syn opfolger bekend: Ina Sjerps, de oarspronklik út West-Fryslân ôfkomstige âld-gemeentesekretaris fan Rotterdam.[2] Sluiter naam op 26 juny 2021 formeel ôfskied as boargemaster.[3] Sjerps waard op 31 maaie ynstallearre as de nije boargemaster fan Harns.[4]
Nei't er it boargemasterskip fan Harns oerdroegen hie, gie Sluiter mei pinsjoen. Hy ferfear werom nei Ljouwert, dêr't er foarsitter waard fan 'e histoaryske feriening Aed Levwerd. Yn dy hoedanichheid kante er him oan tsjin plannen fan 'e oerheid en partikulieren dy't it pontinsjeel hiene om 'e stêd skea ta te bringen. Yn 'e mande mei lykstimden rjochte er dêrom begjin desimber 2024 de wurkgroep Waakhond op.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk skiedkundige
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk politikus
- PvdA-politikus
- Nederlânsk sosjalist
- Nederlânsk kommunist
- Frysk ûnderwizer
- Frysk skiedkundige
- Frysk bestjoerder
- Frysk politikus
- Frysk gemeenteriedslid
- Wethâlder fan Ljouwert
- Boargemaster fan Harns
- Frysk sosjalist
- Frysk kommunist
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Persoan berne yn 1954