Springe nei ynhâld

Harlingen (Teksas)

Ut Wikipedy
Harlingen
De yngong fan it Valley International Airport te Harlingen.
De yngong fan it Valley International Airport te Harlingen.
Emblemen
     
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Teksas
County Cameron County
Sifers
Ynwennertal 64.849 (2010)
Oerflak 88,9 km² (ynkl. wetter)
88,4 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 652,4 / km²
Stêdekloft Brownsville
Hichte 12 m
Oar
Stifting 1904
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 26°12′00″ N 97°42′00″ W
Offisjele webside
www.myharlingen.us
Kaart
De yngong fan it Valley International Airport te Harlingen.
De lizzing fan Harlingen yn Cameron County en yn 'e steat Teksas.

Harlingen (Amerikaansk-Ingelske útspr.: /'hɑrlɨnʤən/; "harlendzjen") is in stêd yn it uterste suden fan 'e Amerikaanske steat Teksas. It leit yn 'e Delling fan de Rio Grande, fuortby de grins mei Meksiko, en likernôch 50 km fan 'e seekust fan 'e Golf fan Meksiko ôf. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Harlingen doe krapoan 65.000 ynwenners, wêrmei't it nei Brownsville de grutste stêd is yn Cameron County. Mei Brownsville en in stikmannich lytsere plakken foarmet it in stêdekloft dy't yn 2010 in befolking fan goed 385.000 minsken hie. Ut 'e folkstelling fan 2010 kaam ek oan it ljocht dat Harlingen de goedkeapste stêd yn 'e Feriene Steaten is kwa kosten fan libbensûnderhâld.

Harlingen waard yn 1904 stifte troch Lon C. Hill, dy't de nije delsetting ferneamde nei Harns. Hoewol't it gebiet suver folslein agrarysk wie, mei as wichtichste gewaaksen katoen en ûnderskate soarten grienten, groeide Harlingen al rillegau út ta in sintrum fan trochfier en hannel. Dat kaam troch de strategyske lokaasje, oan it krúspunt fan twa wichtige wegen: U.S. Route 77 (no Interstate 69 East) en U.S. Route 83 (no Interstate 2). Yn 1910 krige Harlingen offisjeel de status fan stêd; it hie doe in befolking fan goed 1.100 minsken.

De militêre fasiliteiten dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 'e omkriten fan Harlingen oanlein waarden, soargen nei de oarloch foar in sprong yn it ynwennertal fan 23.000 yn 1950 ta 41.000 yn 1960, ek al waard de Loftmachtbasis Harlingen yn 1962 al sletten. Yn 1985 hie de stêd in befolking fan 49.000, wêrfan't sa'n 80% út Latino's bestie. Dat wiene foar in grut part resinte ymmigranten út Meksiko, al wiene der ek in protte saneamde Tejanos ûnder, Spaansktalige Teksanen wa har foarfaars oft al yn Teksas wennen doe't dat yn 1845 by de Feriene Steaten kaam te hearren. Tsjin 'e tachtiger jierren hie Harlingen him ûntjûn ta in sintrum fan 'e produksje fan en hannel yn sitrusfruchten. Toerisme naam dêrnei it wichtichste plak yn foar de pleatslike ekonomy, en it ferbouwen fan nôt en katoen folge dêr wer op. Sûnt binne ek de detailhannel, gruthannel, lichte yndustry en de tsjinstesektor wichtich wurden.

De University of Texas Rio Grande Medical School.

Harlingen hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harlingen hat in earsten fleanfjild yn 'e foarm fan it Ynternasjonaal Fleanfjild Valley, dêr't streekrjocht wei flein wurdt op Austin, Dallas, Houston, San Antonio, Minneapolis-Sint-Paul en ferskate bestimmings yn noardlik Meksiko. Wat heger ûnderwiis oanbelanget, hat de stêd in fêstiging fan it Texas State Technical College, dêr't in twajierske technyske oplieding folge wurde kin. Foar oare of fierdere hegere opliedings moat útwykt wurde nei it deunby leine Brownsville, dêr't de Universiteit fan Teksas te Brownsville in ferskaat oan heger ûnderwiis biedt. Harlingen hat fierders in grut eigen sikehûs, it Valley Baptist Medical Center, dat heech oanskreaun stiet. Dêrnjonken binne der yn 'e stêd twa lytsere kliniken en teffens in psychiatrysk sikehûs.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Harlingen 15,0% âlder as 65 jier en 30,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 24,5% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 24,9% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 72,8% Latino's; 5,9% blanken; 0,9% Aziaten; 0,9% swarten; 0,5% Yndianen; 19,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

In wichtich part fan 'e befolking fan Harlingen bestiet, krekt sa't dat by oare stêden yn 'e Delling fan de Rio Grande it gefal is, út saneamde "Winterteksanen". Dat binne grutdiels pinsjonearden út 'e Midwestlike Amerikaanske steaten en Kanada dy't har elts jier rûchwei tusken novimber en maart yn Harlingen deljouwe om oan 'e noardlike winter te ûntkommen. Dit fenomeen is tige wichtich foar de pleatslike ekonomy.

Harlingen hat in fochtich subtropysk klimaat, mei smoarhjitte simmers en tige mylde winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 35,4 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 20,9 °C. Harlingen kriget jiers trochinoar 709,9 mm delslach; snie falt der mar hiel selden.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.