Maritime Akademy Harns
De Maritime Akademy Harns, earder bekend as Noordzee College Harlingen en yn de folksmûle faak Seefeartskoalle neamd, is in ûnderdiel fan de Noordzee onderwijs groep yn Harns. De Noordzee Onderwijs Groep is yn 2007 fusearre ta de Dunamare Onderwijsgroep. Bern dy't de basisskoalle helle hawwe kinne nei de akademy om oplaat te wurden foar wurk yn de Ryn-, binnen- en kustfeart.
De skoalle hat twa opliedingsskippen dy't mei in oare skoalle dield wurde: de Emeli en de Prinses Maxima mei in triuwbak, de Amalia.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1958 waard yn Harns de Oranje Nassauskoalle iepene, in Dagnijverheidsschool voor de kust-, Rijn- en binnenvaart dy't as de fuortsetting fan de yn 1934 sletten seefeartskoalle beskôge wurde kin. Yn 't earstoan wie it in twajierrige oplieding; yn 1966 waard dat ûnder de Mammoetwet trije jier en yn 1974 fjouwer jier.
Harlingen waard as festigingsplak útsocht meidat it in havenstêd is en der ek de nedige gebouwen wiene. De skoalle hat yn rin fan de tiid yn ferskillende gebouwen sitten. Betingst wie wol dat der ynternaat komme moast, dat krige plak yn it âld weeshûs. De learlingen sliepten op sliepsealen, earst meiïoar op deselde seal, letter sliepten allinne de earste- en twaddejiers op in sliepseal. Earst yn it nije gebou kamen der trijepersoanskeamers. De kapasiteit fan it ynternaat wie yn dy jierren 120 learlingen.
Om 1995 slagge it de skoalle amper noch om genôch learlingen te finen. Dat hie te krijen mei in nije wet dy't skippen langer as 86 meter ferplichte om in diplomearre matroas oan board te hawwen. It tal fakatures naam dêrtroch yn koart skoft tiid bot ta. Yn 1997 ferhuze de skoalle en it ynternaat nei it gebou fan de eardere RSG Simon Vestdijk, nei't der 2,6 miljoen gûne ynvestearre wie.
Dernei folge in perioade fan bloei foar de skoalle. Mei troch gearwurking mei oare ynstituten koene nije opliedings oanbean wurde. Yn 2002 waard der yn gearwurking mei it ROC NOVA foar it earst sûnt 1934 sels wer in seefeartoplieding bean yn Harns. Fan 2004 ôf wie de skoalle part fan de Noordzee Onderwijs Groep. Dy groep bestie út njoggen mei elkoar oparbeidzjende skoallen; de Harnser skoalle gie dat jier fierder ûnder de namme Maritieme Academie Harlingen.
Yn 2006 waard mei de bou fan in nije skoalle út ein set. De âlde RSG soe it ûnderkommen foar fjirdejiers learlingen wurde. De boukosten foelen in miljoen heger út as at de bedoeling wie. De gemeente stie foar de ekstra kosten, sadat fan de totaal 5 miljoen euro 3.375.000 euro troch de gemeente betelle waard. In jierr letter koe de "Prinses Maxima", in opliedingsskip fan 86 meter, yn de feart naam wurde. It earder opliedingsskip, de "Prinses Christina", wie fan 1963.
Yn 2007 wie er fannijs in fúzje; de Noordzee Onderwijs Groep en twa oare Underwiisynstellingen foarmen doe de Dunemare Onderwijsgroep. De fusie gou lykwols allinnich foar de vmbo-takke fan de skoalle, it mbo krige oars plak.
Yn 2007 koe it nije skoalgebou yn gebrûk naam wurde. Yn 2008 waard de húsfesting foar 64 learlingen yn de âlde skoalle iepene. It monumintale karakter fan it gebou is by de ferbouwing yntakt bleaun.
VMBO op it Wetter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]VMBO op it Wetter is in dokumintêre dy't makke waard troch Omrop Fryslân en de NPS. Fiif learlingen waarden folge mei de kamera. De dokumintêre woe sjen litte hoe't 200 learlingen mei elkoar wenje en leare en dat vmbo, nettsjinsteande in soad krityk, ek goed in súkses wêze kin.
Opliedingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- vmbo
- mbo
- learweiûnderstypjend ûnderwiis
- Learwurktrajekt
- Stjoerman/skipper (nivo 3)
- kapitein (nivo 3)
- Stjoerman/wurktúchkundige lytse skippen (seefeart) (nivo 3)
- Jûnsoplieding (Grut farbewiis/Grutsylbewiis/Basissertifikaat marifony/Lyts farbewiis/Kustnavigaasje/motors kursus).