Reinoudina de Goeje

Ut Wikipedy
Reinoudina de Goeje
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Agatha
nasjonaliteit flagge fan Nederlân
berne 9 april 1833
berteplak Lippenhuzen
stoarn 6 febrewaris 1893
stjerplak Rotterdam
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Berneboek
jierren aktyf -1893

Reinoudina de Goeje (Lippenhuzen, 9 april 1833Rotterdam, 6 febrewaris 1893), ek bekend ûnder de skûlnamme Agatha, wie in berneboekeskriuwster, fertaalster en tydskriftredaktrise.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sy wie in dochter fan de Herfoarmde dûmny Pieter de Goeje (1806-1854) en Wilhelmina Bernardina Schilling (1810-1872).

De Goeje sette út ein mei skriuwen om har mem te stypjen yn it húshâlden: na tsientallen berne- en jeugdboeken wûn hja in foaroansteand plak binnen it sjenre fan de twadde helte fan de njoggentjinde iuw. Sy wie yn Nederlân sa'n bytsje de earste dy't it behanneljen fan konflikten tusken âlden en bern net út de wei gie [1]

Fan 1870 oant 1878 wie De Goeje as redaktrise ferbûn oan it feministyske frouljusblêd Ons Streven. Dat blêd sette him yn foar dingen as útwreiding fan ûnderwiis- en arbeidsmooglikheden foar famkes en froulju. De Goeje sei yn in artikel dat se har net ynsette woe foar wat sy 'damespolityk' neamde, mar froulju wol de ûntwikkeling fan de polityk folgje litte kinne woe.
Neist har wurk foar Ons Streven, wie se ek meidogger oan De Tijdspiegel en De Oude Huisvriend en fan de jongereintydskriften Lelie- en Rozeknoppen en Ons Genoegen. Fan 1875 oant har dea siet De Goeje yn de redaksje fan ’t Jonge volkje.

Reinoudina de Goeje stoar op 6 febrewaris 1893 yn Rotterdam yn it hûs dat hja mei har suster Marianne bewenne. De Nieuwe Rotterdamsche Courant betocht har mei de wurden: De jeugd, wie hare gave van vertellen zoovele genoegelijke en leerzaam onderhoudende oogenblikken moet hebben bezorgd, verliest in haar eene goede, verstandige en talentvolle vriendin.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kleine Nelly
Blinde Maarten, publisearre troch Gerardus Theodorus Bom
Mooi Elsje
  • Eind goed, al goed. Drie kleine vertellingen (Haarlim 1860)
  • Het theesalet van Pieteloet (1860)
  • De dochter van den kozak. Een historisch verhaal voor meisjes (1861)
  • Blinde Maarten (om 1864)
  • Eva Strooveld (1865)
  • Kleine Nelly (om 1865)
  • De genius van het kransje (1867)
  • De kinderen van 't woud (1868)
  • De partij van Fidel en Fidelia (1870)
  • Eva's bal (1870)
  • Fidel en zijn kameraadjes (om 1870-1880)
  • Line's verjaardag (1870)
  • Lucie en hare moeder (1870)
  • Broertjes en zusjes. Voor jonge kinderen (1872)
  • De kleine Jo (1872)
  • Moeder's raad (ca. 1872)
  • Reintje de Vos (1872)
  • Leonie en Elise. Een verhaal voor jonge dames (1873)
  • Prettige daagjes (om 1873)
  • Prins vriendelijk (1873)
  • De roodborstjes (1874)
  • De olifanten en de muisjes (1876)
  • De dochter van den kozak. Een historisch verhaal voor meisjes (1878)
  • Eene wandeling langs de kermis (1880)
  • De karavaan (1887)
  • Het gezadelde paard (1887)
  • Cornelia's dierenboek (om 1889)
  • Jan Goedbloed te paard (om 1890)
  • De pleegdochter van den goochelaar (1891)
  • Voor ieder wat. Vertellingen voor jongens en meisjes (1891)
  • Vertellingen uit den Bijbel (1895)
  • De herberg in het Spessart-Gebergte (1897)
  • De genius van het kransje (1909)
  • Jan en Bertha (1909)
  • Als 't buiten regent (om 1910-1920)
  • Kijk eens zus! Praatjes bij plaatjes (ca. 1910)
  • Vaders verjaardag (1913)
  • Brieven van een poes (1914)
  • Broertjes en zusjes (1915)
  • De pleegdochter van den goochelaar (ca. 1917)
  • Sint-Nicolaasavond (1919)
  • Op papa's knie. Praatjes bij plaatjes (1922)
  • Vertel eens wat. Praatjes bij plaatjes (1923)
  • De genius van het kransje (1929)

Fertalingen troch Reinoudina de Goeje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ruth en hare vriendinnen (1859)
  • Mooi Elsje (1874)
  • Frida en haar nichtjes (1878)
  • Robinson Crusoë (1893)
  • Roodkapje (1893)
  • Frida en haar nichtjes (1902)
  • Frida en haar nichtjes (1922)
  • Frida en haar nichtjes (1930)
  • Robinson Crusoë (om 1900-1910)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Yn Helden vergelijken, Els Stronks.