Pitertsjerke (Lippenhuzen)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Pitertsjerke
De Pitertsjerke fan Lippenhuzen.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Coat of arms of Opsterland.svg Opsterlân
plak Lippenhuzen wapen.svg Lippenhuzen
adres De Buorren 30
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1860
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 31859
webside Side PKN gemeente Lippenhuzen-De Himrik

De Pitertsjerke oan de Buorren fan Lippenhuzen is in tsjerkegebou fan de Protestanske gemeente fan Lippenhuzen. De tsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oannommen wurdt dat Lippenhuzen al yn de 14e iuw in tsjerke hân hat. Yn de roomske tiid wie de tsjerke wijd oan de apostel Petrus.[1] De âlde tsjerke waard ôfbrutsen doet yn 1743 in nije tsjerke nedich wie. In toer krige de nije tsjerke net en de klokken bleaune yn de doe al oanwêzige klokkestoel hingjen. De tsjerke út 1743 waard werboud yn 1860. Twa jier letter krige de tsjerke dan úteinlik ek in mei laai dekte toer. De sealtsjerke mei in trijesidige koarsluting hat rûnbôgefinsters. Der is in preekstoel út de 17e iuw en in hearebank. Oan de noardlike muorre hingje twa buorden út 1917 mei de nammen fan de dûmny's fan de tsjerke.

Tegearre mei it hiele doarp hat de tsjerklike gemeente yn 2015 it gebou renovearje litten. Om de tsjerke njonken tsjinsten tenei ek te brûken foar oare doelen moast der in poadium lein wurde yn it koer. De âlde stuollen waarden ferfongen troch nije. Ek waard it ynterieur op 'e nij farve en kaam der sanitêr yn de tsjerke.[2]

De klok fan de toer waard yn de Twadde Wrâldkriich foardere. Tsjintwurdich hinget der in klok, dy't yn 1949 getten waard.

It oargel

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel út 1859 is makke troch L. van Dam & Soannen. De lêste restauraasje datearret fan 2015-2016, doe't ek de tsjerke restaurearre waard. It ynstrumint is doe demontearre en yn Utert troch de bruorren Van Vulpen restaurearre. It ienmanualige oargel hat tsien registers op in oanhongen pedaal.[3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4