Klaas Bouma

Ut Wikipedy

Klaas Bouma (Lippenhuzen, 2 april 1914Westerbork, 25 septimber 1944) wie in Nederlânsk keunstskilder en tekenlearaar fan Frysk komôf.[1]

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bouma wie in soan fan Pier Bouma en Jitske Klazema. Hy studearre yn De Haach en helle de aktes M.O. (1936) en N.O.-nijverheid (1939). Hy boaske yn 1942 mei Siemtje (Sien) Wubbena (1917-1999). Hy waard skilder en wie tekenlearaar oan de MTS yn de stêd Grins.

Yn de Twadde Wrâldoarloch wie Bouma, ûnder de skûlnamme Gekke Gerrit, by it ferset en de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers belutsen. Hy ferfalske persoansbewizen en stempels yn 'e mande mei de Oardertsjinst.[2] Bouma waard ferret[3] en op 15 septimber 1944 troch de Sicherheitsdienst arrestearre; syn skoanheit Eltje Wubbena waard troch Pieter Johan Faber deasketten. Bouma waard nei it Scholtenhûs en letter nei Kamp Westerbork brocht, dêr't er op 25 septimber 1944 deasketten waard.

Op 28 desimber 1945 waard it gebou fan it 'Kunstlievend Genootschap Pictura' yn Grins opnij iepene. By de iepeningstentoanstelling waard wurk toand fan ûnder oaren Bouma, Alida van Houten, Klaas van Dijk en Evert Musch, Bouma waard yn de iepeningsrede troch de foarsitter betocht.[4]

Earbetoan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bouma's namme stiet op in betinkstien yn de Van Doornenveste[5], part fan de Hânzehegeskoalle Grins en op it yn 1948 ûntfâlde Oarlochsmonumint Esserveld yn Grins.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. RKD nr. 367542
  2. Groninger Archieven/OVCG: Bouma, Klaas
  3. Werk, H. (2011) "Pieter Wichers (Groningen 1903 - Groningen 1947) Vertrauensmann van de Sicherheitsdienst"
  4. ANP Berichtgeving 40-45
  5. Vader, L. (2008) "Twee gedenkstenen vertellen", Hanze Mag, 14e jiergong 10 desimber 2008