Walden (koloanje)

Ut Wikipedy

Walden wie de namme fan in koloanje, ofwol kommune, dy't de psychiater en skriuwer Frederik van Eeden (1860–1932) yn 1898 op it lânguod Cruysbergen yn Bussum oprjochte.

De sosjalistyske (túnbou) koloanje wie ûnder mear basearre op mienskiplik grûnbesit. De koloanje wie ek rêstoarde foar psychiatryske pasjinten. De opset mislearre troch saaklik wanbehear en fertsjustering troch ynwenners. Neidat it noch feroare yn in ferbrûkskoöperaasje west hie, gie Walden yn 1907 dochs fallyt. It idee foar Walden krige Van Eeden fan it populêre boek Walden or Life in the Woods (1854) fan Henry David Thoreau (1817-1862).

De Nederlânske heldersjende Gerard Croiset waard berne op Walden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: