Springe nei ynhâld

Heldersjendheid

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Heldersjendens)
In kristallen bol wurdt soms as attribút brûkt foar wiersizzerij.

Heldersjendheid of klearsjendheid, soms ek wol omskreaun mei de Ingelske term fan Frânsk komôf clairvoyance, is in paranormaal fermogen dat beskate persoanen sizze te hawwen, om op bûtensintúchlike wize bylden te sjen fan foarfallen dy't har op in oar plak en/of op in oare tiid foardogge. Faak giet it dêrby om dingen dy't noch barre moatte, wêrmei't sokke heldersjendheid in reitsflak kriget mei wiersizzerij. Dat hoecht lykwols net sa te wêzen, want it is ek mooglik dat it giet om bylden fan eat dat yn it ferline bard is. Immen dy't sa'n fermogen hawwe soe, wurdt in heldersjende neamd, of ek wol in paragnost. Oan heldersjendheid besibbe, mar folle minder bekende bûtensintúchlike fermogens binne helderhearrendheid, helderrûkendheid en helderfielendheid.

Heldersjenden miene (of sizze te mienen) dat se wat oer ûnbekende minsken en sitewaasjes gewaarwurde kinne troch harren paranormale fermogen. Sa wolle se bygelyks faak hawwe dat se gedachten, gefoelens, oantinkens of fisualisaasjes fan in kliïnt of groep kliïnten opfange kinne. Faak jouwe heldersjenden fierders op eigen inisjatyf advizen oan 'e plysje as der bygelyks in foarwerp of in persoan (net selden in bern) fermist wurdt. Hiel inkeld komt it foar dat de plysje sels kontakt mei in heldersjende of paragnost opnimt om't se net fierder komme mei in saak. Ut in ûndersyk yn Ingelân die lykwols bliken dat by saken dy't oplost wiene nei advys fan in paragnost de oplossing fan 'e saak net ien kear it gefolch fan dat advys wie. Yn 2012 liet minister fan Justysje Ivo Opstelten op fragen fan 'e KristenUny witte dat de Nederlânske plysje, yn tige seldsume gefallen, de ynset fan "ûnotterdokse opspoaringsmetoaden" (d.w.s. de ynset fan in paragnost) net útslút.

De tûke fan 'e wittenskip dy't ûndersyk docht nei de mooglikheid fan heldersjendheid is de parapsychology. Dy hat oant no ta lykwols gjin bewiis fine kinnen foar it bestean fan bûtensintúchlike fermogens. Oer de jildichheid fan beskate eksperiminten mei heldersjendheid bestiet, sels binnen de parapsychology, ûniennichheid. It bestean fan alles dat paranormaal is, wurdt net akseptearre troch serieuze wittenskippers, dy't de parapsychology faak yn ferbân bringe mei pseudowittenskip. Dat byld wurdt noch fuortsterke om't in soad heldersjenden yn it ferline ûntmaskere binne as oplichters of yn elts gefal as bedragers.

Guon bekende heldersjenden binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.