Ministearje fan Justysje en Feiligens

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ministearje fan Justysje en Feiligens
J&V
Ministearje fan Justysje en Feiligens
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
Funksjehâlders
Minister Ferdinand Grapperhaus
Steatssikretaris Ankie Broekers-Knol
Sikretaris-generaal Siebe Riedstra
Skiednis
Oprjochte 12 maart 1798
Algemien
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Adres Turfmerk 147
2511 DP De Haach
Offisjele webside

It Nederlânske ministearje fan Justysje en Feiligens, ôfkoarte ta J&V (Justitie en Veiligheid) bemuoit him mei de rjochtsoarder yn alle stadia. Dat komt del op ûnder mear wetjouwing, previnsje, hânhâlding, strafoplizzing en slachtofferhelp. Oant 14 oktober 2010 hiet dit ministearje 'ministearje fan Justysje', mar mei yngong fan it kabinet-Rutte I is it ûnderdiel 'Feiligens' út BZK wei oan it ministearje taheakke, wêrtroch't it ministearje de namme 'ministearje fan Feiligens en Justysje' krige.

Yn oktober 2017, by it oantreden fan it kabinet-Rutte III, is de namme ûnder druk fan juristen, feroare ta Ministearje fan Justysje en Feiligens, om't hja miene dat "justysje" de âldste rjochten hat en in hegere wearde hat as "feiligens" .

Sûnt 26 oktober 2017 is Ferdinand Grapperhaus fan 'e CDA minister fan Justysje en Feiligens. Sander Dekker (VVD) is minister foar Rjochtsbeskerming op it departemint. Siebe Riedstra is sûnt 15 juny 2015 sikretaris-generaal.

Under de ferantwurdlikens fan it ministearje fan Feiligens en Justysje falle ûnder oare de Nasjonaal Koördinator Terrorismebestrieding en Feiligens, de plysje, de Ynspeksje Feiligens en Justysje, de Justysjele útfieringstsjinst Toetsing, Integriteit en Screening (Tsjinst Justis), de Ymmigraasje- en Naturalisaasjetsjinst, Tsjinst Weromkomst & Ofreis, Brânwar, Tsjinst Justysjele Ynljochtings, it Sintraal Justysjeel Ynkassoburo (CJIB) en it Iepenbier Ministearje.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]