Springe nei ynhâld

Cruysbergen

Ut Wikipedy

Cruysbergen of it Cruysberg is in eardere sânderij en no in natoergebiet fan 13,5 ha. by Bussum. Oan de ein fan de tweintichste iuw is it noardlike stik nei ûntsâning geskikt makke foar lânbou. Fia sânderijsleatten is it sân fan Cruysbergen mei de boat ôffierd. Op de súdlike helte kamen filla's en is in rinbaan oanlein. It Goois Natuurreservaat kocht yn 1993 in grut stik fan it noardlike gedielte oan. It gebiet is noch net tagonklik.

It gebiet mei earme grûn waard it eartiids brûkt om sân ôf te graven foar Amsterdam, wêrnei't it geskikt makke waard foar boulân. Letter is de boppeste fruchtbere laach der wer ôf helle en waard brûkt foar de natoerbrêge Crailo mei as gefolch dat it gebiet ferskrale. De ôfgroeven dielen waarde ta puollen makke. It eardere brûken as bou is noch te sjen oan de rjochte rigen beammen en sleatten.

Cruysbergen is fan belang as diel fan de 'Griene Rêchbonke' tusken it Goai en it Fechtplassengebiet (Laegjeskamp en Naardermar). It is ûnderdiel fan it projekt "Poort Naardermeer". It gebiet wurdt begerske troch Skotske Heechlanners dy't it tichtgroeien foarkomme moatte en it ferskaat oan floara fergrutsje.