Dineke van As-Kleijwegt

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Dineke van As-Kleijwegt (Nij Beets?, 16 juny 1942) is in Nederlandsk âld-politika en earder boargemaster fan Assen.

Van As stamt út in polityk warbere famylje. Har suster Hannie Bruinsma-Kleijwegt wie ûnder mear boargemaster fan Zaanstad, broer Corstiaan Kleijwegt is boargemaster fan Hellevoetsluis. Van As hat tal fan jierren yn it leger- en fuortset ûnderwiis oan't wurk west. Dêrnjonken hie hja ferskate bestjoersfunksjes yn de Partij fan de Arbeid. Sy wie fan 1974 oant 1990 út namme fan de PvdA lid fan de Provinsjale Steaten fan de provinsje Drinte. Fan 1982 oant en mei 1990 wie hja teffens deputearre.

Yn 1990 waard Van As boargemaster fan de gemeente Assen, se folge dêr Jan Masman op. Yn 1996 waard se fannijs beneamd en yn 1998 waard se, nei in gemeentlik weryndieling, boargemaster fan de nije gemeente Assen. Yn 2004 waard se op'en nij beneamd. Op 1 juny 2007 gie se mei pinsjoen.

Maaie 2007 waard hja eareboarger fan de Súd-Afrikaanske stêd Naledi en ek Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.