Sjouke de Zee
Sjouke de Zee (Nij Beets, 20 maart 1867 - Hilfertsom, 19 juny 1954) wie in skriuwer en propagandist fan it Frysk en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn dy funksje besocht hy yn 1914 as earste Frysk te praten yn in steatesitting, mar dat waard him ferbean.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjouke wie in meniste boeresoan dy't him as skriuwer dwaande hâlde mei toanielstikken, revu's en gedichten. Hy trede ek wol op as lekepreker en foardrager. Hy waard dan ek frege op gearkomsten fan menisten oant sosjalisten en drankbestriders. In skoftlang hat er yn Deinum wenne as tsiismakker en wie er lid fan pleatslik belang. Hy bewearde dat er ek de pompeblêden fan de Fryske flagge yntrodusseare hie.
Yn 1921 makke Sjouke de Zee in stúdzjereis troch Amearika, "it lân fan dream en winsken", dêr't yn kranten en tydskriften oer publisearre. Syn twadde reis nei Amearika yn (1928) duorre fjouwer moannen. Hy socht in soad Fryske emigranten op en makke der in boek oer, mei dêryn in protte foto's dy't op it westee fan Tresoar te besjen binne.
Yn 1931 ferfear er fan Jirnsum nei Hilfertsom.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1909 - Op 'e Djipswal (publisearre yn "Swanneblommen")
- 1911 - Haet en Ljeafde (publisearre yn "Swanneblommen")
- 1916 - De Smidssoan" (publisearre yn "Swanneblommen")
- 1917 - Stimpers (novelle fan 64 siden)
- 1927 - Fen lang forlyn (gedichten út syn jonkheid, 189 siden)
- 1929 - Myn twadde Amerikareis (reisferslach)
- 1930 - Kleaster Ealsum (skiedkundich ferslach)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk tsiismakker
- Frysk politikus
- Lid fan de Steaten fan Fryslân
- Frysk toanielskriuwer
- Frysk dichter
- Frysk koarte-ferhaleskriuwer
- Frysk romanskriuwer
- Frysk reisferhaleskriuwer
- Frysk publisist
- Skriuwer yn it Frysk
- Frysk taalaktivist
- Frysk polityk aktivist
- Frysk sosjaal aktivist
- Frysk predikant
- Frysk foardrachtskeunstner
- Frysk sosjalist
- Nederlânsk tsiismakker
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk toanielskriuwer
- Nederlânsk dichter
- Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer
- Nederlânsk romanskriuwer
- Nederlânsk reisferhaleskriuwer
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk polityk aktivist
- Nederlânsk sosjaal aktivist
- Nederlânsk predikant
- Nederlânsk foardrachtskeunstner
- Nederlânsk sosjalist
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Nij Beets
- Deinum
- Jirnsum
- Persoan berne yn 1867
- Persoan stoarn yn 1954