Hannie Bruinsma-Kleijwegt
Johanna (Hannie) Bruinsma-Kleijwegt (Nij Beets, 14 july 1936 - Drachten, 21 febrewaris 2021[1]) wie in Nederlânsk politika en lid fan de PvdA.
Bruinsma kaam út in polityk aktive famylje. Har jongere suster Dineke van As-Kleijwegt hat fan 1990 oant 2007 boargemaster fan Assen west, wylst har broer Corstiaan Kleijwegt sûnt 2001 boargemaster is fan Hellevoetsluis.
Bruinsma waard yn 1970 lid fan de gemeenteried van Eastdongeradiel (wenne doe yn Ie dêr't har man hûsdokter wie), in funksje dy't hja oant 1974 ferfold hat. Sy wie it earste froulike riedslid fan Eastdongeradiel. Dêrnei siet sy oant 1991 yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân, fan 1981 oant 1991 ek as deputearre.
Yn 1992 waard Bruinsma beneamd ta boargemaster fan Saanstêd. Yn 1985 kaam sy dêr yn opspraak, neidat se har yn in kranteynterview kritysk útlitten hie oer in korpssjef dy't doe fuortgean soe. Hoewol't sy in moasje fan wantrouwen oerlibbe, is sy in jier letter al mei pinsjoen gien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk politikus
- PvdA-politikus
- Frysk gemeenteriedslid
- Lid fan de Steaten fan Fryslân
- Frysk deputearre
- Frysk sosjalist
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk boargemaster
- Nederlânsk sosjalist
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Nij Beets
- Persoan stoarn yn Drachten
- Persoan berne yn 1936
- Persoan stoarn yn 2021