Femke Kok
Femke Kok | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Femke Kok | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 5 oktober 2000 | |
berteplak | Nij Beets | |
etnisiteit | ![]() | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan | |
trener | Gerard van Velde (Team Reggeborgh) | |
earste titel | WK ôfstannen Teamsprint 2020 | |
O.S. | Peking 2022 | |
debút | 2018 |
Femke Kok (Nij Beets, 5 oktober 2000 ) is in Frysk langebaanrydster. Yn febrewaris 2020 waard Kok wrâldkampioen op de teamsprint.
Juniorseizoenen (2018/2019 en 2019/2020)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kok makket al grutte yndruk mei har tiden by de junioaren en se heart ek by de Nederlânske top by de senioaren. As 1e jier junior A (seizoen 2018/2019) waard se 3x wrâldkampioen yn Baselga di Piné en einige se 3 kear op it 2e plak.
By de Nasjonale Ofstânskampioenskippen fan 2020 helle Kok in startbewiis foar it WK ôfstannen fan 2020. Se wist ynearsten net oft se nei it WK ôfstannen woe, om't se har hiele seizoen foar it WK Junioren pland hie. Twa wiken letter ferraste se harsels en elkenien troch ek it fjirde plak te bemachtigjen op it Europeesk kampioenskip ôfstannen, wêrmei't se oantoande dat se meidwaan koe yn de Europeeske top. Yn it lêste wykein fan febrewaris 2020 wûn se twa kear goud op de Junior Wrâldkampioenskip op de 500 meter en 1000 meter, en wûn de junior allround titel.
Seizoen 2020/2021
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e ein fan it seizoen 2019–2020 is Kok junior ôf en sil se oankundigje dat se it folgjende seizoen ride sil foar Team Reggeborgh. By de earste wrâldbekerkompetysje op 23 jannewaris 2021 wûn Kok foar it earst sûnt maart 2011 goud út namme fan Nederlân op de 500 meter, en ferbettere fuort har eigen persoanlik rekôr (desimber 2020) fan 37,08.[1] Kok soarge foar in unikum troch yn de trije opfolgjende wrâldbekerwedstriden de 500 meter yn totaal fjouwer kear op rige te winnen. Dêrmei waard se ek winner yn it klassemint.
Seizoen 2023/2024
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it WK Sprint 2024 yn Inzell wist Kok wer sulver de winnen, diskear foar Jutta Leerdam mar efter de oppermachtige Miho Takagi.[2]
Persoanlike rekords
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofstân | Tiid | Datum | Baan |
500 meter | 36,83 | 16 febrewaris 2024 | ![]() |
1000 meter | 1.12,87 | 4 desimber 2022 | ![]() |
1500 meter | 1.58,10 | 13 oktober 2019 | ![]() |
3 km | 4.14,33 | 29 septimber 2019 | ![]() |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|