Fuotbalferiening SC Joure

Ut Wikipedy
SC De Jouwer
Plak: De Jouwer
Kompleks: de Hege Simmerdyk
Kompetysje: sneons twadde klasse
Tenu
webstee SC De Jouwer

SC De Jouwer is in fuotbalklup fan De Jouwer. De terreinen lizze oan de Simmerdyk. It earste sneon alvetal komt yn it seizoen 2020/21 út yn de Twadde klasse.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 20 maart 1920 waard fuotbalferiening De Kooi oprjochte. Dy klup fusearre yn 1965 mei fuotbalferiening RKVV Friso ta SC Joure. De oprjochtingsdatum fan de âldste klup, De Kooi, waard dêrby as oprjochtingsdatum oanholden. Op 24 maaie 1971 waard kuorbalferiening De Jouwer opnomd yn de fuotbalferiening SC Joure. SC De Jouwer promovearre yn 2002 en 2003 twa kear efterinoar fanút de twadde klasse nei de haadklasse, troch twaris kampioen te wurden. Earst fan de twadde klasse L yn 2002 en doe yn 2003 fan de earste klasse F. Yn 2005 helle de klup de grutste prestaasje út de klubskiednis troch as tredde te einigjen yn de haadklasse. Yn 2007 degradearre de klup nei de earste klasse.

Dêrneist spilet der noch in sneonsteam yn de tredde klasse A fan regio Noard.

Fuotbalôfdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earste team[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sneon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It standertalvetal promovearre yn 2013/14 fia neikompetysje út de Fjirde klasse en spilet yn 2014/15 yn de Tredde klasse. Sûnt it seizoen 2016/17 spilet it alvetal yn de Twadde klasse fan it KNVB-distrikt Noard.

Snein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It standertalvetal promovearre yn 2002 en 2003 twaris efter elkoar fan de Twadde klasse nei de Haadklasse, troch twa kear kampioen te wurden. Earst fan de twadde klasse L yn 2002 en doe yn 2003 fan de Earste klasse F. Yn 2005 helle de klup har grutste prestaasje út de klupskiednis troch tredde te wurden yn de Haadklasse. Yn 2007 degradearre de klup nei de Earste klasse, mar kaam nei in jier werom yn de Haadklasse C. Yn it seizoen 2009/10 degradearre de klup opnij.

Yn it seizoen 2015/16 kaam dit team noch út yn de Earste klasse fan it distrikt Noard nei degradaasje út de Haadklasse C yn it seizoen 2013/14. Foar it seizoen 2016/17 waard it team net ynskreaun. Yn it seizoen 2017/18 waard wer in team oanmeld dat op it leechste nivo ynstreame moast. Dat wie de Fiifde klasse. Yn it seizoen 2018/2019 promovearre it team. Foar it seizoen 2020/21 waard it team net ynskreaun.

KNVB-beker[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

SC De Jouwer pleatste him oant twa kear ta foar de KNVB-beker. Yn 2002 pleatste it him fia de distriktbeker en waard yn de KNVB-beker fan SC Genemuiden (6-2) en ferrassend fan Cambuur Ljouwert (6-4) en Vitesse 2 (2-1) wûn en waard hast earedifyzjonist FC Grins (2-3) ferslein.

Yn 2005 pleatste SC De Jouwer him foar de KNVB-beker troch tredde te wurden yn de neikompetysje, mar it ferlear nei in goede wedstriid fan Ajax 2 (0-2).

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Foarsitter: Roelf Kok
  • Trainer: Dick Schuurman

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: