Meubelfabryk Van der Veer
Meubelfabryk Van der Veer op De Jouwer wie spesjalisearre yn it meitsjen fan stuollen.
Yn 1890 begûne Sybren van der Veer in houtdraaierij en pompmakkerij oan hûs yn de Hobbe fan Baerdstrjitte. Hjir siet letter klokskilder Roel Otter. Yn 1922 kochten syn soannen Douwe en Jelle van der Veer it tramstasjon oan de Inkele Rigel. Se makken dêr in grut ferskaat oan stuollen. Yn it famyljebedriuw waarden ek Jan en Siep van der Veer belutsen. Yn drokke tiden wurken der mear as tweintich minsken.
It bedriuw waard letter brûkt troch De Wrede meubelen. Yn 2014 hold Museum De Jouwer in tentoanstelling Frysk Design mei stuollen fan 'Van der Veer' en 'Poly-Z' meubels fan Zijlstra's Meubelfabryk.
Yn de tweintischste iuw wiene der folle mear meubelmakkers op De Jouwer lykas Zijlstra's Meubelfabryk, Meubelfabryk De Vrij, Drost, Oom en Stroosma.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|