Springe nei ynhâld

Roel Otter

Ut Wikipedy
Roel Otter
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Roel Otter
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 28 desimber 1892
berteplak De Jouwer
stoarn 18 juny 1966
stjerplak De Jouwer
wurkpaad
jierren aktyf 1911-1966

Roelof (Roel) Otter (De Jouwer 28 desimber 1892 - dêre, 18 juny 1966) wie in Fryske keunstskilder en tekenlearaar. Roel wie de soan fan Anne Otter (1862-1943) en Tytsje van der Werf (1857-1917). Hy troude yn 1916 mei Doetsje (Dora) Rood.

Roel Otter skildere yn syn atelier by syn hûs oan de Hobbe fan Baerdtstjitte neist gewoane skilderijen in soad Fryske klokken.[1] Hy skildere in soad doarpsgesichten as bygelyks de Jouster toer en wie de ûntwerper fan it logo/segel fan kofjefabrikant Douwe Egberts. Otter sinjearde syn wurk as R. Otter en sette dêrby in streek troch de dûbele 'tt'.

Yn 1921 krige er in ynliste diploma foar it dielnimmen oan in priisfraach fan it "Geïllustreerd Schildersblad. Hy krige it diploma foar syn ynstjoering foar de priisfraach "Gongfersiering".[2] Nei syn ferstjerren skonk syn frou in soad wurk fan syn hân oan Museum De Jouwer.

In learling fan him wie Walter de Graaf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: