Swettepoel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Swettepoel is in marke yn de gemeente De Fryske Marren. De poel leit tusken de Noarder Alde Wei en de Noardbroekster Feart oan de Swettepoelsterdyk, noardeast fan De Jouwer.

De namme Swettepoel jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zwettepoel.