Noardbroekster Feart

Ut Wikipedy

De Noardbroekster Feart is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart ferbynt de Jouster Sylroede by Broek-Noard mei Ballingboer en rint dan as Lykfeart troch nei de Goaiïngarypster Puollen.

De namme Noardbroekster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Noordbroekstervaart.