Noarder Alde Wei

Ut Wikipedy
Noarder Alde Wei ûnder De Jouwer, Langwarder Wielen

De Noarder Alde Wei is in wetter yn de gemeente De Fryske Marren. De feart stiet yn it suden troch de Alde Wei yn ferbining mei de Langwarder Wielen. Nei it noarden rint it wetter njonken de Nije Slachtedyk en de polders Swettepoel en Bloksleat út yn de Goaiïngarypster Puollen.

De namme Noarder Alde Wei jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Noorder Oudeweg.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]