De Witte Os
De Witte Os | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | De Jouwer | |
adres | Midstrjitte 97 | |
bysûnderheden | ||
boujier | 19e iuw | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 514072 |
De Witte Os is in ryksmonumint winkel-tabaksfabryk oan de Midstrjitte 97 op De Jouwer.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebou waard yn 1871 troch de neisiet fan Douwe Egberts Cornelis Johannes de Jong oankocht as in bedriuwspân. It winkeltsje hie syn namme te tankjen oan de (tûne)slachterij dy’t Egbert Douwes (1723-1802) en syn frou Akke Thijsses in skoftlang hienen. [1]. In okse op it úthingboerd fan in slachterij wie doe frij algemien. Mar net allinne it winkeltsje hiet ‘De Witte Os’, it wie ek in skoftlang de merknamme foar tabak, deponearre as merk yn 1881. Op 4 maart 1910 waard ‘De Witte Os’ ek de merknamme foar kofje, tee en winkelmanswaar. It winkeltsje buorke goed. Neist de saak stie it wenhûs Midstrjitte 99 fan de famylje, dat al earder (yn 1831) oankocht wie troch Hessel Douwes de Jong (1802-1855). Yn oktober 1881 wie der in grutte brân yn de buorren fan de Jouwer. Doe baarnden ûnder oare it hearehûs, de tabakskerverij en de koffiebaarnderij ôf. De winkel hie dêrtoch slimme skea en waard yn 1881/1882 foar it grutste part yn tradisjoneel-ambachtlike trant werboud.
Yn it winkeltsje waard foaral oan winkeliers en oare trochferkeapers levere. Oant yn de Earste Wrâldkriich ta, gie der in grut ferskaat fan allerhanne guod oer de toanbank. Kofje, tee en tabak wienen de wichtichste produkten, mar fierder waard der ek kandij, sûker, rys, fermiselje, blausel (wytmakker foar tekstyl) sûkerij, kaniel, saffraan, sjerp, jittik, sûkelarje, Goudse pipen en súdfruchten ferkocht.
Troch de wike wie de winkel iepen fan sân oant jûns njoggen oere en sneons oant jûns healwei alven. Sels op snein koe men der in pear oeren telâne. Nei 1920 waard de hannel werombrocht nei kofje, tee en tabak.
Yn de Twadde Wrâldoarloch rekke der in ein oan de hannel yn it winkeltsje. De lêste ‘winkelman’ wie Aano Schepen, dy’t yn 1944 ferhuze nei it kantoar op De Jouwer. It pân waard dernei tydlik brûkt foar oare doeleinen. Sa hawwe der wolris húshâldings, dy’t yn tsjinst fan it bedriuw wienen, boppe de winkel wenne. Mar in skoftlang wie it stil yn ‘De Witte Os’.
Nei in yngripende restauraasje, útfierd troch oannimmer Ids Riemersma fan Goaiïngaryp, waard it winkeltsje op tongersdei 1 maaie 1980 iepensteld foar publyk. Dit wie net om kommersjele redenen, mar as ûnderdiel fan it museumkompleks Johannes Hessel-Hûs (it hjoeddeistich Museum Joure). Sûnt dy tiid wurdt der wer, lykas eartiids yn ‘De Witte Os’, kofje en tee yn âlderwetse ferpakking ferkocht en ek snobbersguod út de tiid fan pake en beppe. De Witte Os stie yn 2018 model foar it 99e Delfts blauwe húske fan KLM.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De muorren binne oplutsen yn donkerreade bakstien en it dak hat platte swarte Fryske dakpannen. Yn de gevel sitte twa etalaazjefinsters mei boppeljochten. Yn de portyk sitte in doar en twa etalaazjefinsters mei in boppeljochten. De gevelsparringen hawwe in segmintgbôge. Oan beide siden fan de portyk sitte jitizeren sokkels mei houten ringen. Tsjin it fries fan de bakgoate is in houten plaat makke mei as opskrift: "tabaks fabriek" en yn de midden in medaljon mei in strik, in wite okse en it opskrift "de witte os".
De dakkapel oan de kant fan de Midstrjitte hat in weage wynfear. Op de naal stiet in skoarstien mei list en in skoarstienplaat. De ynrjochting fan de winkel is foar it meastepart noch krektas yn de njoggentjinde ieu. De toanbank en in diel fan de rimmen binne lykwols net orizjineel. De etalaazjebakken mei in fersierde efterplaat mei dekorative opstân binne wol orizjineel. De struktuer fan it âlde winkelpân is noch krektas eartiids, lykas de balkesouder en de houten flierren. De kape is yn de 21e iuw fernijd. [2] It pân is oan de eastkant op de ferdjipping ferbûn mei it hearehûs op nûmer 99.
Yn de eftergevel sitte in grut ljochtfinster en in doar nei de efterlizzende binnenplak en op de ferdjipping is in finster. Efter de winkel is in binnenplak dat ek út it hearehûs wei berikt wurde kin.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foto's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|