Grutte brân op De Jouwer (1881)

Ut Wikipedy
Nei de brân
Oersjoch fan de ferbaarnde gebouwen

In grutte brân op De Jouwer wie yn de nacht fan 14 op 15 oktober 1881.

De brân ûntstie yn in Jouster kastmakkerij en ferwoastige al mei al fjirtjin wennings, winkels en bedriuwspannen. By in grutte stoarm bruts jûns om seis oere in grutte brân út yn it meubelmagazyn fan Ids Koster oan de Midstrjitte. Dêrnei sloech de brân oer nei it gebou dêrnjonken. Meidat der troch de hurde stoarm baarnende fonken troch de loft fleinen sloch de brân al rillegau oer nei de pleats dy't sa'n 160 meter fierderop, oan de ein fan de Kakelstege stie. Dêrnei sloech de brân noch oer nei de oare gebouwen oan de Kakelstege en ek oan de oare kant fan de Midstrjitte giene noch gebouwen troch de it fjoer ferlern.[1] De flammen ferspraten har sa hurd dat der gjin bussen oan wie. Acht gebouwen oan de Midstrjitte, wêrûnder de tabakskerverij fan Johannes Hessels de Jong, en in pleats en in seistal wenningen yn de Kakelstege waarden finaal fernield. Troch de ynspannings fan njoggen brânwarkorpsen, ek fan bûten De Jouwer, slagge it om 2 oere it sein brân master te jaan. De eangst bestie dat de heale Jouwer fernield wurde soe, wêrom’t hast de helt fan de ynwenners dwaande wienen om harren guod yn feilichheid te bringen, der stiene ek steapels guod op’e dyk.
Der wiene gjin minskelibbens te betreuren, wol ha in tal insken by it omheljen fan de muorren frijwat slimme ferwûnings oprûn. De betizing wie hast net te beskriuwen, ryk en earm die war om te rêden wat der te rêden wie, of ferliende help by it spuitsjen. Tige eangstich wie men dat ek it gasfabryk troch de flammen oantaasten wurd soe. At soks bard wie soene de gefolgen ferskriklik west ha. De moarns om njoggen oere wienen der noch spuiten yn wurking. De krekte oarsaak fan it ûnheil wie doe noch net bekend.

By de troffen gebouwen wiene it wenhûs fan Johannes Hessels de Jong en syn noch nije tabakskerverij, it kofjepakhús en de kofjebaarnderij. Grutte foarrieden tabak, kofje en kandij giene dêrby ferlern. Oer de teefoarried is neat bekend. Nei de brân waard besletten dat de gebouwen dy’t ferlern gien wiene, sa gau mooglik wer opboud wurde moasten.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: