Springe nei ynhâld

Midstrjitte

Ut Wikipedy
De eastkant fan de Midstrjitte.
de Midstrjitte ein 18e iuw.
1915
1936

De Midstrjitte is it hert fan De Jouwer. De winkelstrjitte is mear as in kilometer lang. De haadstrjitte is fan 2001-2004 alhiel fernijd.

De strjitte hat in lange skiednis. De earste gebouwen binne der lykwols net mear. It âldste gebou fan de Midstrjitte is de Jouster Toer (1628). De santjinde iuw wie ek foar De Jouwer in gouden iuw. Fanút de westkant fan de Midstrjitte is de groei begûn. Nije ambachtslju gienen neistelkoar wenjen. Sa groeide de Midstrjitte stadichoan út fan in lânwei nei in hannelssintrum.

De eastlike útein fan de Midstrjitte is De Merk. Dêr waarden yn eardere iuwen merken hâlden; in keallemerke yn 'e santjinde iuw, de joadsje foddemerke yn 'e achttjinde iuw en ûnder de Jouster Merke wie dêr lange tiid de hynstemerke. Oan de Merk stie yn it begjin fan de 20e iuw in hotel mei in tramstasjon. It spoar splitste him hjir fanút It Hearrenfean yn de rjochting fan Snits en fan de De Lemmer. Op dit plak sit no de bibleteek fan de Jouwer.

Ear't de Midstrjitte him echt ûntwikkele stienen der in soad buorkerijen. Om dy buorkerijen ek oer it wetter berikber te meitsjen waarden der opfearten groeven. Dy fearten rûnen parallel mei de Midstrjitte. Doe't De Jouwer groeide kamen der huzen oan dizze fearten. Sa ûntstienen der in soad steechjes en strjitsjes mei nammen as de Bûterstege, de Fisksteech, de Joadesteech. Yn 1902 is de grutte feart tichtsmiten. De hannel rûn bot werom. De feart hie benammentlik in grut oandiel yn it ferfier fan guod. It ienige opfeartsje dat oerbleaun is leit lâns de museumkade by it museum.

Foarby de westein fan de Midstrjitte leit it Park Heremastate.