Springe nei ynhâld

Gymnastykferiening CSC

Ut Wikipedy

Gymnastykferiening CSC is ûnderdiel fan omnysportferiening CSC fan De Jouwer. De feriening waard yn oktober 1928 oprjochte as Christelijke Sport Centrale.

De omnyferiening hie yn 2018 ûngefear 380 leden. CSC hat neist in gymnastykôfdieling ek in follybalôfdieling. Yn de fyftiger jierren waarden sportdagen hâlden op de fuotbalfjilden fan Friso oan de Uilke Boonstraleane. De jierlikse útfierings waarden hâlden yn de boppeseal fan hotel Terwisga. CSC hie eartiids ek in fuotbalôfdieling en in ôfdieling majorettes.

Neist gymnastyk en turnjen is der gelegenheid foar freerunning en 50+ sport. De lessen en trenings binne yn Sporthal De Stuit. Yn 2016 ferhuze de klup fan de Evenemintenhal nei sporthal De Stuit. Dy hal waard doe omboud ta turnsintrum. Sa is der in ferhege poadium makke mei dêr efter in falkûle. Sa koe better oefene wurde op drege akrobatyske sprongen. De turnhal waard yn 2017 neamd nei earelid Marijke Buwalda. It klupblêd hat as namme Sportief. De klupkleuren binne swart en oranje. Yn de swarte gymnastykpakjes is de oranje flam út it ferieningslogo ferwurke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: