Jouster Merke

Ut Wikipedy

De Joustermerke is in jiermerk en merke dy't alle jierren op de fjirde tongersdei fan septimber op de Jouwer hâlden wurdt. Dizze merkrjochten hat De Jouwer al fanôf 1492. Al yn 1466 wurdt yn in merkebrief foar De Jouwer skreaun oer de wykmerke dy't hâlden wurde soe "opter Heuwere by der moelen".[1]

De Jouster merke duorret fan tongersdei oant moandei en wurdt ôfsletten mei in grut fjoerwurk. De jiermerk duorret ien dei. Ut it hiele lân komme minsken nei dizze jiermerk. Part fan de jiermerk is in hynstemerk. Der binne ek noch oare aktiviteiten lykas de agraryske skou, in iepenlofttentoanstelling oer de lânbou.

De Joustermerke is fral ferneamd troch de hynstehannel, yn de sechtiger jierren noch op it gersfjild efter de Driessenstrjitte. Om 1920 hinne waarden mear as 1.000 hynders oanfierd. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden hynders ferfongen troch trekkers. Doe waard de oanfier minder en is it inisjatyf naam ta de agraryske skou. Mar noch altyd wurde der hynders ferhannele.

Op de sneon nei Joustermerke wurdt de Joustermerkeloop rûn. Der kin dan hurdrûn wurde oer ferskillende ôfstannen, mar der binne ek kuiertochten. Mei de Jouster merke is der ek merk. De attraksjes steane op it parkearplak oan de Sinebuorren, efter de Midstrjitte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: