Jouster opfearten
De eardere Jouster opfearten rûnen eartiids op de Midstrjitte ta, mar waarden yn de tweintichste iuw tichtsmiten.[1] De earste agraryske bebouwing by De Jouwer, faak pachtpleatsen fan de lânhearen, stie op de hege sânrêgen by Westermar. Op de sânrêgen waarden de lettere Geart Knolwei en de Midstrjitte oanlein. Oan beide kanten fan de Midstrjitte rûn de grûn nei ûnderen ta ôf. De Midstrjitte leit noch altyd heger as it omlizzende gebiet.
Bebouwing tusken de opfearten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opfearten oan de noardkant fan Jouwer kamen út op it Hurdspytsje. De earste opfearten waarden groeven nei de pleatsen fan Westermar, letter folgen opfearten op De Jouwer. Doe't der mear en ek oare bewenners kamen waarden de stikken lân tusken de opfearten beboud. Omdat der net folle romte wie waarden lytse huzen boud mei in soad stegen en gloppen foar arbeiders en lytse ambachtslju. De measte opfearten waarden neamd nei de steech dêr't se by hearden. De adel hie yn de foarm fan brêgen en in slûzen de einkontrole oer de opfearten.
Ald Hof
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de westkant fan de sânregen en de Midstrjitte lei it Ald Hof fan de famylje Fan Baerdt. De famylje liet fanút de Kromme Far in eigen oanfiersleat grave nei it Ald Hof, de Jentsjefeart. Dy feart sluet oan op de Jonkersfeart dy't trochrûn nei de Hurddraversdyk. Dêr hiene de Fan Baerdts in eigen slúske en brechje meitsje litten dy't tagong joegen op de feart bylâns harren Ald Hof en de Bûtsingel. Fan it Ald Hof rûn it wetter fierder troch nei it suden, nei "de Fiver' bylâns de Simonssteech (de lettere Hobbe fan Baerdtstrjitte) en dan fierder yn eastlike rjochting. By it hûs fan houtdraaier Van der Fear en letter klokskilder Roel Otter wie in twasprong. De noardlike ôfslach rûn nei de Dwersfeart. De súdlike ôfslach rûn nei in laad- en losplak dat de Haven' neamd waard. Op dat plak waard nei de Twadde Wrâldoarloch "De Brêge" boud. In stikje fierder kruse it wetter de Groenendalsteech, dêr't in sleepbarte (letter waard dat in brechje) foar wat opûnthâld soarge. Nei de krusing mei de Ysbrandysteech rûn it wetter efter de roomske tsjerke lâns. Dit wetter waard it "iisbaansleatsje" neamd, op de âlde iisbaan waard letter it Theresiahûs boud. Nei in ôfbûging yn noardlike rjochting wie in trochgong ûnder de Midstrjitte troch.
Hurdspytsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wetter rûn dêrnei fierder nei it Hurdspytsje. De earste opfeart oan dy súdeastkant fan de Midstrjitte wie de Veltmansteech (de lettere Roggemolestrjitte). It wetter rûn dêrnei ûnder in houten brêge troch nei de Keakelsteech (letter Sinnebuorren). Dêr stie de pleats fan Johannes en Wytske Tadema-Rypkema, dy't letter mei har skinking de bou fan it Theresiahûs yn 1929 mooglik makke. Doe't de wetterkes oan de súdkant fan De Jouwer nei ferrin fan tiid bûten gebrûk nomd waarden krigen de bewenners los- en laadrjochten oan de noardlike opfearten. Nei de Keakelsteechfeart kamen de Holtropsleat en de opfeart by museum De Jouwer. Noch fierder lei de Lynbaansfeart. Fan de wetter-trijesprong rûn noch in opfeart bylâns de Slûsdyk nei de Bûterwaach. Nei de slûs waard yn 1903 in opfeartsje nei it gasfabryk groeven.
De Toersteechsfeart nei de bûterwaach wie ek in drokke hannelsfeart foar turf- en jirpelskippen en skippen foar de meubelmakkerijen. Sa'n fjirtich meter fierder as de Toersteechsfeart lei neffens âlde kadasterkaarten yn 1881 noch de Jordaan. De Jordaan kaam mei in heakske bocht út op de Bûterstrjitte, de âldste befoarriedingsfeart foar de bûterwaach. Nei de Bûtersteechsbrêge lei links de opfeart bylâns de Bûterstrjitte. De Bûterstrjittefeart en de Fisksteechfeart bleaune noch in heale iuw langer bestean as de Toerstrjittefeart. De eigendommen fan Fan Baerdt leine meast oan de westkant fan de Midstrjitte, de grûn fan Vegelin lei mear oan de noardwestkant fan De Jouwer. De ynfloedsgebieten fan de famyljes Fan Baerts en Vegelin wiene mei elkoar ferbûn troch in nammeleaze dwersfeart dy't fan de Fisksteechfeart dwers troch de Midstrjite yn de rjochting fan it Ald Hof rûn. Doe't de bûterwaach fan de Bûterstrjitte nei de Toerstrjitte ferhuze, waard fan de súdkant út alles tichtgooid oant it plak dêr't de namme ferwiist oan de âlde dwersfeart: De Daam. Dizze twadde Daam fan de Jouwer (de earste Jouster daam wie oan It Sân) tusken de Fisksteech en de Bûterstrjitte waard ûnderdiel fan in trochgeande wei. Fan De Kolk yn de rjochting fan de Midstrjitte rûn njonken it Tolhûs noch de Appelwyk. Dizze opfeart waard om 1881 tichtsmiten yn ferbân mei de steamtram De Jouwer-It Hearrenfean. Dy tram ried yn it earstoan troch oant de oanlisplakken foar boaten dy't op Snits en oare plakken farden.
List fan opfearten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Appelwyk
- Baansteechsleat
- Bûterstrjittesleat
- Dwersfeart
- Fisksteechfeart
- Gortersteechsleat
- Holtropsteechsleat
- Jordaan
- Keakelsteechsleat
- Lynbaansfeart
- Slûsdyksleat
- Toersteechsfeart
- Veltmansteechsleat
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|