Springe nei ynhâld

Blaauwhof (wenwyk)

Ut Wikipedy
Blaauwhof
polityk
Gemeente De Fryske Marren
Plak De Jouwer
sifers
oerflak 0,89 km²

Blaauwhof is in wenwyk op De Jouwer. It is de earste nijbouwyk fan De Jouwer en is foar it grutste part boud yn de jierren fyftich fan de tweintichste iuw. Blaauwhof leit tusken de Midstrjitte, Skien,Sewei en Hurddraversdyk.[1] De wyk is neamd nei in beamkwekerij dy ’t op it plak fan de hjoeddeiske wyk lei.[2] Blaauwhof wie yn 2011 de Jouster wyk mei it heechste persintaazje hierhuzen (56%). It meastepart hjirfan (86%) is sosjale wenningbou.[3]

Yn 1710 waard de Hege Simmerdyk oanlein, as beskerming fan it túnbougebiet besuden De Jouwer. Undernimmer Krijn Wybrens lei yn 1749 de hôving Blaauwhof oan. Syn erfgenamten, dy ’t letter de efternamme Taconis drage soene, bouden it bedriuw út.[4][5] It bedriuw waard yn 1875 hofleveransier.[6]

De Bûtsingel yn 1921
De Bûtsingel is ien fan de âldste strjitsjes yn de wyk Blaauwhof.

Oan de ein fan de 19e iuw waarden yn it gebiet de earste huzen boud. Wenningbouferiening Werkmanslust liet om 1900 hinne lytse huzen bouwe oan de lettere Bûtsingel.[7] De arbeiderswenningen binne boud oan in bûtensingel fan de eartiidske State Baerdt fan grytman Hobbe fan Baerdt út de 17e iuw.[8]

Yn de tweintiger jierren fan de 20ste iuw waard it lân besuden de roomske tsjerke brûkt om roomske ynstellings te bouwen, lykas in legere skoalle (1926), in parochyhûs (1929) en in âldereinhûs (1930). Yn 1928 waard in nij roomsk begraafplak ynwijd.[9] Dit barde neidat Wietske Tadema-Rijpkema lân en jild oan de Jouster parochy skonken hie. Yn 1960 waard in strjitte mei oanleunwenten nei har neamd.[10]

De Maatskippij ta Nut fan 't Algemien kocht yn 1928 kwekerijgrûn oan en liet dêr in draafbaan oanlizze dy't ek as iisbaan brûkt wurde koe.[11] Op dizze 'Nutsbaan' wurde sûnt 1986 de Fryske Ballonfeesten holden. Dielen fan de Fryske film De Gouden Swipe fan Steven de Jong út 1996 binne op dizze baan draaid.[12]

It earste plan foar de Blaauwhof út 1937. Allinnich it gedielte dat direkt tusken de Midstrjitte en it sportterrein leit, liket op it strjitteplan fan de hjoeddeiske wyk.

Yn 1932 waard sprutsen oer in útwreidingsplan foar De Jouwer tusken de Hurddraversdyk en de Skien. De plannen hingen gear mei de bou fan Rykswei 43.[13] Troch de komst fan de rykswei waard De Jouwer better berikber en waard it plan fan in nijbouwyk útfierber, skreau it Nieuwsblad van Friesland. Yn in earste plan út 1937 stiet dat huzen foar én efterhûs sinne hawwe soene en dat de wyk rom omsetten wurde soe.[14]

Yn 1941 waard in nij útwreidingsplan troch de gemeenterie oannomd. Dit plan wie folle lytser as eardere plannen. It besloech allinnich it gebiet oan de noardkant fan de tsjintwurdige Uilke Boonstraleane. De ûntwerper, Ljouwerter arsjitekt A. Baart, ferwachte dat het lang duorje soe eardat syn plan folboud wêze soe. Baart woe dat huzen dy't yn de omjouwing fan de buorren stiene, tichter op elkoar kamen te stean as huzen dy't fierder fan de buorren ôf stiene. Yn syn plan liet hy romte frij foar de takomstige útwreidingsplannen.[15] Nei in tal oanpassings fan it plan, besleat de gemeenterie yn 1947 om de earste huzen sette te litten yn de Blaauwhof.[16]

De wyk groeide ûnferwachts hurd. Neffens de Friese Koerier wie de wyk al binnen fiif jier folboud, wylst op fyftjin jier rekkene wie.[17] De gemeente Haskerlân mocht fan it Ryk in soad wenten bouwe, omdat se krotwenten opromme op oare plakken yn de gemeente. Dy ferfangende wenten kamen benammen yn de Blaauwhof te stean.[18][19][20]

De bou begûn oan de westkant fan de wyk mei de strjitsjes tusken de Bûtsingel en de Midstrjitte. Dêrnei waard it diel tusken de Bûtsingel en de drafbaan oanlein. As lêste waarden de diken trochlutsen oan de Skien ta, en waard it diel tusken de Uilke Boonstraleane en Blauwhofleane oanlein. Foar de oanlis fan de wyk waarden yn de Midstrjitte inkele winkels ôfbrutsen. Sa koe de Pastorieleane, de wichtichste noard-súd-ferbining, mei de Midstrjitte ferbûn wurde.[21]

De útwreidingsplannen besloegen net it gebiet tusken de Blaauwhofleane en de Hege Simmerdyk. Yn it gebiet by de Hurddraversdyk kamen sportfjilden fan SC Joure. Geandewei kamen der mear sportfjilden by. It eastlike diel wie lange tiid eigendom fan de Fraters fan Tilburg, en bleau noch desennia braak lizzen. Om 1994 kochten twa fêstguodbedriuwen dêr mienskiplik grûn op, om in fillabuert te ûntwikkeljen: Groenhof. Hjir kamen hast allinnich frijsteande wenten te stean, op kavels dy't allegear oan wetter leine. Dêr omhinne is in parkje oanlein.[22] It kontrast is grut mei de rest fan de wyk, dêr benammen rychjeshuzen steane.

It eardere tramstasjon fan De Jouwer (1922).

De Nederlandsche Tramweg Maatschappij (N.T.M.) iepene yn 1901 de tramwei De Jouwer - Sint Nyk - De Lemmer. De reels kamen inkele tsientallen meters westlik fan de destiidske Lemmsterwei (no: Skien) te lizzen, yn de hjoeddeiske wyk Blaauwhof.[23] Yn 1922 waard in tramstasjon iepene.[24] Nei de oanlis fan de rykswei tusken Snits en It Hearrenfean rûn it tal passazjiers fan de stoomtram hurd werom. Yn 1947 besleat de N.T.M. om it persoaneferfier te staken. Fracht waard noch ferfierd oant 1968. Dêrnei waarden de reels fuorthelle.[25]

Doe 't de wyk Blaauwhof boud waard, wie de tram te sjen yn it strjitbyld. Tusken it earste en twadde blok fan de Stationsstrjitte sit bygelyks in soad romte, sadat de tram der tuskentroch ride koe. It trasee gie fierder troch de Stasjonsstrjitte, lâns de efterkant fan de Haverkamp en Op de Bouwen.[26] Neidat de reels weihelle wiene, is dit diel in parkearplak wurden. It destiidske spoar fan De Jouwer nei Snits bûgde hjir mei in bocht yn westlike rjochting. Dêr waard letter in fuotpaad makke.

De strjitnammen yn de Blaauwhof binne farieard. De strjitten oan de noardkant fan de Bûtsingel binne neamd nei beammen. Oan de súdkant binne se neamd nei persoanen dy't foar de Fryske taal striden ha, lykas Geert Aeilco Wumkes en Waling Dijkstra. Strjitten oan de súdkant fan de Uilke Boonstraleane (Fryske fersetsman), hawwe in relaasje mei it beamkwekerijferline fan it gebiet (Kwekerijstrjitte, Op de Bouwen).[27] Guon nammen yn de wyk ferwize nei de (eartiidske) gebouwen yn de buert, lykas de Stasjonsstrjitte (rint nei it âlde tramstasjon), Pelmolestrjitte (dy stiene yn de buert fan de strjitte).

Strjitbyld Op de Bouwen.

Guon strjitten binne inkeldtalich Nederlânsk, oaren hawwe in Fryske namme. Doe 't de gemeente yn 1952 ientalich Fryske nammen foarstelde foar strjitten dy 't nei Fryske taalbefoarderers neamd wiene, waard se weromfluite troch it Ryk. Fryske strjitnammen soene de rykstaal (it Nederlânsk) behinderje.[28] It Frysk waard fjouwer jier letter erkend as offisjele rykstaal yn Fryslân.

Tsjintwurdich binne strjitnammen yn de wyk yn prinsipe twatalich. Dochs wurdt dit op nije strjitnambuorden net konsekwint trochfierd. By strjitten lykas de Haverkamp (Hjouwerkamp) en Pelmolensstraat (Pelmounenstrjitte) is de Fryske foarm op de nije boerden ferdwûn. Oare strjitten ha bytiden twatalige mar ek wol ientalige Nederlânske nammebuordsjes.

De eardere Sint Bonifatiusskoalle

Oant de jierren njoggentich fan de tweintichste iuw stienen yn de wyk sân legere en middelbere skoallen. Yn it lêste desennium fan de iuw wienen der fúzjes fan in tal skoallen. Begjin tweintichste iuw ferdwûnen hast alle ûnderwiisynstellings út de wyk. Op de frijkomde lokaasjes binne benammen senioarewenten boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 'Bestemmingsplan Joure - Zuid'
  2. Redaksje (27 jannewaris 1936): 'Werkobjecten', Nieuwsblad van Friesland.
  3. CBS
  4. 'Genealogie Noorlander » Simon Sipkes Taconis', GenealogieOnline, besjoen op 15 maart 2013.
  5. Redaksje (30 maart 1957): 'Gemeenten in discrediet door Friese beweging?', Ljouwerter Krante.
  6. Redaksje (10 jannewaris 1875): 'Leeuwarden, 9 Januarij', Ljouwerter Krante.
  7. 'Joure (De Jouwer) (gemeente Skarsterlân)', Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse letteren, rieplachte op 18 febrewaris 2013.
  8. Zee, P. van der, 'Joure in oude ansichten deel 2', Útjouwerij Europeeske Bibleteek.
  9. Redaksje (24 april 1939): 'Kerk en school, benoemingen, enz.' Ljouwerter Krante.
  10. Redaksje (10 febrewaris 2010): 'Oud nieuws in een gouden rand'. Jouster Krante, side 9.
  11. Redaksje, (28 jannewaris 1928): 'Joure Vooruit!'. Ljouwerter Krante.
  12. Redaksje (9 oktober 1995): 'Hoofdrol voor figuranten bij opnamen Gouden Swipe', Ljouwerter Krante.
  13. Redaksje (23 maart 1932): 'Friesland en de economische toestand', Nieuwsblad van Friesland.
  14. Redaksje (26 novimber 1937): 'Het uitbreidingsplan van Joure', Nieuwsblad van Friesland.
  15. Redaksje (7 july 1941): 'Joure heeft een nieuw uitbreidingsplan', Nieuwsblad van Friesland.
  16. Redaksje (30 juny 1947): 'Raad Haskerland', Nieuwsblad van Friesland.
  17. Redaksje (15 jannewaris 1959: 'Ontwikkeling van Joure in zeer snel tempo', Friese Koerier, side 3.
  18. Redaksje (28 april 1951): 'Raad Haskerland: Het oude gemeentehuis te Joure wordt Protestants Verpleeghuis', Ljouwerter Krante.
  19. Redaksje (18 oktober 1955): 'Raad Haskerland: Joure krijgt nieuwe, grotere auto-motorbrandspuit', Heerenveensche Koerier.
  20. Redaksje (18 desimber 1959): 'Gemeenteraad Haskerland: Debat over plaats waar huizen moeten komen', Friese Koerier.
  21. Redaksje (28 juny 1955): 'Joure breidt zich snel uit', De Heerenveensche koerier.
  22. Redaksje (4 maart 1994): '"Plan Sint Nyk is te groot voor particulieren"', Ljouwerter Krante.
  23. WatWasWaar Kadaster 1930, rieplachte op 16 febewaris 2013.
  24. Veenstra, H. (22 juny 2011): 'Bêd en brochje in voormalig stations koffiehuis', Jouster Courant, side 7.
  25. [Redaksje (19 juny 1969): 'Binnenkort verwijdering rails spoorbaan naar Lemmer', Ljouwerter Krante.
  26. WatWasWaar Kadaster 1970, rieplachte op 16 febrewaris 2013.
  27. Redaksje: 'Boonstra, Uilke' Nationaal Monument Kamp Vught, ynfo krigen op 9 jannewaris 2013.
  28. Redaksje (8 novimber 1952): 'Raad Haskerland houdt voet bij stuk: Friese namen', Ljouwerter Krante.
Wenwiken fan De Jouwer feroarje
Blaauwhof · Broek-Súd · Jonkerslân · De Jouwer Sintrum · Skippekertier · Skipsleat · Westermar · Wyldehoarne · Suderfjild