Springe nei ynhâld

Broek-Súd (wenwyk)

Ut Wikipedy
Broek-Súd
polityk
Gemeente De Fryske Marren
Plak De Jouwer
sifers
ynwennertal 85 (2012) [1]

Broek-Súd is in plande lúkse wenwyk by De Jouwer. Sûnt de jierren njoggentich waard sprutsen oer de bou fan de wyk. De earste skeppe giet nei alle gedachten fan 2017 ôf yn de grûn. De wyk waard sjoen as in finansjele bongel oan de poat foar de gemeente De Fryske Marren.[2] [3]

De wyk moat de earste op De Jouwer wurde dy't ferbining hat mei iepen farwetter. Eardere wetterrike wiken as Skipsleat en Wyldehoarne binne net befarber foar skippen.

Broek-Súd yn 2015

It doarp De Broek wie iuwenlang allinnich oer wetter mei elkoar ferbûn. It diel oan de noardkant fan de Jouster Sylroede makke in ûntwikkeling troch en foarme in buorren. It súdlike diel hat in agraryske bestimming.

Hoewol't Broek-Súd hast tsjin De Jouwer oan leit, bestiene bouplannen pas sûnt de jierren njoggentich fan de tweintichste iuw. Oant 1984 lei it gebiet nammentlik krekt oer de gemeentegrins yn Doanjewerstâl. Nei in gemeentlike weryndieling wêrby't Haskerlân en Doanjewerstâl gearfoege waarden ta Skarsterlân, koe De Jouwer sjen nei bebouwing fan de greiden by Broek-Súd.

Yn 1994 joech de gemeente Skarsterlân yn in takomstfyzje oan in wenwyk bouwe te wollen tusken Der Jouwer en Broek-Súd. Yn de wyk soene 800 huzen komme moatte en de bou soe fan start gean moatte tusken 1997 en 2000.[4] Yn lettere takomstfyzjes waard dy datum sirka tsien jier foarútskood. Ek nimt in oantal te bouwen huzen ôf.

Yn de jierren 2000 leine der plannen foar in wyk mei 500 wenningen. Yn 2009 waard troch tsjinsittende merkomstannichheden keazen foar it bouwen fan hûnderten huzen.[5] Letter kamen der plannen foar de oanlis fan in fakânsjepark mei 250 wenningen, mar dat gie net troch. Wyls sil de gemeente De Fryske Marren út fan in plan mei njoggentich lúkse wenten.[6] Fan 2017 ôf waarden de earste kavels ferkocht. Yn 2019 binne de earste huzen ferkocht, neidat de grûn earst bouryp makke wie. Der wurdt yn twa fazes boud, de earste faze bestiet út 45 wenten, en de twadde faze mei 41 wenten. Yn 2026 moatte de 86 kavels ferkocht wêze. Elke kavel is op syn minst 1000 m².[3]

De destiidske gemeente Skarsterlân kocht by de earste fyzje foar it gebiet yn 1994 grûn, om foar te kommen dat spekulanten mei de grûn oan de haal geane soene.[7] Pas yn 2013 waard besluten om troch te gean mei de bouplannen foar de wyk. Yn de jierren foarôfgeand oan de bou hie de gemeente in soad hektares grûn oankocht. Dat soarge derfoar dat de gemeente alle dagen 1000 euro oan rinte kwyt wie. Allinnich de bou fan de wyk soe grutte finansjele dilemma's foarkomme kinne.[8] Om Broek-Súd fluch fan de grûn te krijen, krijt de wyk foarrang op oare bouprojekten yn de gemeente.[9]

It gebiet dêr't de nijbouwyk komme moat. Sintraal rint de Omkromte, links lizze âld-Jouwer en de fabriken fan Douwe Egberts.
It gebiet dêr't de nijbouwyk komme moat. Sintraal rint de Omkromte, links lizze âld-Jouwer en de fabriken fan Douwe Egberts.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. CBS Statline
  2. Redaksje (24 desimber 2014): 'NCPN: ‘Broek-Zuid geschikte locatie voor azc’', Jouster Courant
  3. 3,0 3,1 Redaksje (9 juny 2015): 'Miljoenenverlies wijk Joure ingecalculeerd', Ljouwerter Krante
  4. Redaksje (5 septimber 1994): 'Uitbreiding bedrijven Joure aan snelweg A7', Ljouwerter Krante
  5. Edelenbosch, J. (26 jannewaris 2011): 'Twijfels bij noodzaak nieuwbouw Broek-Zuid', Jouster Courant
  6. Koen, W. (25 novimber 2014) 'Miljoenenstrop dreigt om wijk Broek-Zuid, Ljouwerter Krante
  7. Redaksje (29 septimber 1994): 'Skarsterlân koopt in Broek 16 hectare land', Ljouwerter Krante
  8. Koen, W. (26 juny 2013): 'Broek-Zuid: raad met rug tegen muur', Ljouwerter Krante
  9. Redaksje (12 july 2012): 'Gemeente moet zelf ontwikkelen', Ljouwerter Krante
Wenwiken fan De Jouwer feroarje
Blaauwhof · Broek-Súd · Jonkerslân · De Jouwer Sintrum · Skippekertier · Skipsleat · Westermar · Wyldehoarne · Suderfjild