Springe nei ynhâld

Skipsleat (wenwyk)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skipsleat (wyk))
Skipsleat
polityk
Gemeente De Fryske Marren
Plak De Jouwer
sifers
oerflak 1, 02 km²
Noardlik diel fan Skipsleat. Rjochts de Vegelinswei, ûnder de Koarte Ekers

Skipsleat is in wenwyk op De Jouwer dy’t boud is yn de jierren tachtich en njoggentich fan de tweintichste iuw. De wyk leit tusken de Haskerfjildwei, Vegelinswei, Koarte Ekers en de wyk Wyldehoarne. It wie de earste wyk dy ’t bûten de oant dan besteande begrinzing fan De Jouwer foel.[1] Skipsleat is neamd nei de Nije Skipsleat, in eartiidse feart dy ’t troch de westkant fan de wyk rint.

It Huneskip (1990) is in keunstwurk dat oan It Beaken stiet. It stelt in Hanzekogge foar, in boat út de 13e iuw. De brûkte swerfstiennen binne fûn by it bouryp meitsjen fan de wyk.[2] De swierste stien kaam yn 1988 foar it ljocht en waacht 16.000 kg.[3][4]

Foar de bou bestie it gebiet út greiden mei in tal pleatsen. It wie foar it earst dat in wenwyk net tsjin de âlde bebouwing fan de Jouwer oanboud waard, mar tsjin de besteande wiken Skippekertier en Westermar.[5]

Undernimmers fan yndustrygebiet Tolhúswei wiene fûl op de bouplannen tsjin. Se wiene bang dat se dêrtroch harren flugge ferbining mei Knooppunt De Jouwer kwytreitsje soene; de rûnwei waard in wei mei snelheidsbeheinende maatregels. De ûndernimmers woenen de wenwyk earne oars hawwe. Dochs besleat de gemeente om Skipsleat troch te setten.[6]

Yn 1985 set de bou útein, yn it diel fan de wyk dat yn it ferlingde fan de E.A. Borgerstraat leit. De wyk groeide hurd. Yn 1989 skreau de Ljouwerter Krante dat de belangstelling foar de twadde boufaze grut wie.[7] Skipsleat wie yn 1993 ien fan de santich wiken dy ’t it ministearje fan VROM oerwoech as foarbyldwyk. It ministearje skreau dat de wyk rom opsetten wie mei oantreklike griengebieten, fraaie fuotgongersrûtes en – brechjes, mânske wetterpartijen en mei mooglikheden foar rekreaasje.[8]

It Beaken (1995) yn de Nije Skipsleat, by it Helmhout. It waard ûntbleate as ôfsluting fan de bou fan Skipsleat yn westlike rjochting.[9]

De wyk bestiet foar 81% út keapwenten. Der steane benammen in soad frijsteande huzen en twa-ûnder-ien-kapewenten. Arsjitektoanysk binne der gjin behinderings oplein. De wyk bestiet dan ek út in grut ferskaat oan huzetypen.[10] Dêrneist steane der inkele appartemintegebouwen.[1] Oan de noardkant fan Skipsleat leit in smel park fan ien hektare, dat yn de lingte fan de wyk rint.[11]

De strjitnammen yn Skipsleat binne yn it Frysk. De measte nammen binne skipsûnderdielen, as Kyl, Roefke en Spegel. Oan de eastkant fan de wyk ha de nammen in ferbân mei it oan- of fêstlizzen fan in boat lykas Dûkdalf en Steiger. De wichtichste ferkearsier yn Skipsleat is it Helmhout. Dy strjitte slingeret fan de E.A. Borgerstrjitte ôf yn noardeastlike rjochting. Fierder bûcht de strjitte ôf yn noardwestlike rjochting, om yn in hast rjochte line de wyk te trochkrusen en út te kommen op de Vegelinswei.

Wenten oan de Reling en de Skroef

Skipsleat is de wyk mei de measte wetters fan De Jouwer. Hast 20% fan it oerflak bestiet út wetter. Foar de oanlis fan de wyk rûn inkeld de Nije Skipsleat troch it gebiet. Dy feart rûn eartiids fan de buorren fan de Jouwer yn noardlike rjochting nei de eardere Hoarnstermar. By de oanlis fan de wyk is de rin fan de Skipsleat net feroare.

De measte kavels lizze oan wetter. Yn it binnenste diel fan Skipsleat binne de wetterpartijen mei elkoar ferbûn mei dûkers. De fivers yn de bûtenste skyl fan de wyk rinne ûnder brêgen troch en binne sadwaande mei lytse boatsjes te befarren. Der is lykwols gjin ferbining mei iepen farwetter.

Yn de wyk binne net folle foarsjennings. By de bou waard der fan útgien dat winkels of skoallen yn de wyk net nedich wêze soene. Dy binne der ek net komd. Wol is in âlde pleats omboud ta apteek mei dokterspraktyk, letter waard de pleats in ûnderkommen fan de thússoarch en wat lytse bedriuwen.[11] Oan de Haskerfjildwei lizze in maneezje en in kompleks mei folkstunen.[1]

Yn 1990 waard besletten in plasse mei in strantsje oan te lizzen oan de eastkant fan de Skipsleat. Yn de folksmûle wurdt dat it Jouster strantsje neamd.[11] Twa jier letter waard njonken dat strân fierljepskâns iepene.[12] Sûnt de bou fan de wyk Wyldehoarne heart it gebiet beëasten fan de wetterplasse offisjeel by dizze nijbouwyk. Dat jildt dus ek foar it Jouster strantsje en de fierljepskâns.[13]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 'Betemmingsplan Joure - Skipsleat', rieplachte op 14 maart 2013.
  2. Redaksje (9 oktober 1990): 'Stalen zeil huneboot Joure geplaatst', Ljouwerter Krante.
  3. Redaksje (20 oktober 1988): 'Zwerfkei tevoorschijn uit Jouster klei', Ljouwerter Krante.
  4. Redaksje (27 desimber 2011): 'It Húne Skip', Keunstwurk - Kunst in Openbare Ruimte Fryslân, besjoen op 13 maart 2013.
  5. ' 'Puist' Joure in aanbouw', Ljouwerter Krante.
  6. redaksje (28 maart 1986): 'Raad Skarsterlân akkoord met plan-Skipsleat en wegomlegging', Ljouwerter Krante.
  7. Redaksje (3 jannewaris 1989): 'Tweede fase Jouster wijk wacht op huizen', Ljouwerter Krante, side 14.
  8. Westhof, L. (20 febrewaris 1993): 'Te vroeg gejuich over Jouster wijk Skipsleat', Ljouwerter Krante, side 15.
  9. Keunstwurk - Keunst yn Iepenbiere Romte Fryslân
  10. S. Kingma (20 april 1993): 'Architect wenst meer vrijheid in woningbouw', Ljouwerter Krante, side 31.
  11. 11,0 11,1 11,2 Redactie (20 juni 1990): 'Water met strand in wijk Skipsleat Joure', Ljouwerter Krante.
  12. Redaksje (18 augustus 1992): 'Fierljeppers proberen nieuwe schans Joure', Ljouwerter Krante.
  13. 'Plankaart Wyldehoarne 3a'
Wenwiken fan De Jouwer feroarje
Blaauwhof · Broek-Súd · Jonkerslân · De Jouwer Sintrum · Skippekertier · Skipsleat · Westermar · Wyldehoarne · Suderfjild