Hoarnstermar

Ut Wikipedy
De Grutte en Lytse Hoarnstermar

De Hoarnstermar wie in eardere mar yn de tsjintwurdige Haskerfeanpolder, oan de eastkant fan De Jouwer. De mar is neamd nei Haskerhoarne.

Yn de Haskerfeanpolder leine oant 1930 twa markes. De grutste mar waard Hoarstermar neamd, de lytste hie fanâlds de namme Westermar. Letter waard steefêst sprutsen oer de Grutte en de Lytse Hoarnstermar. De Hoarnstermar hie in oerflak fan 39 hektare en stie oan de noardeastkant mei de Greve yn ferbining mei it Alddeel. Oan de westkant wie de mar ferbûn mei de Lytse Hoarstermar.[1] De Lytse Hoarnstermar stie mei de Martynjeset yn ferbining mei de Skipsleat. De Skipsleat rûn bylâns de Vegelinsdyk troch nei de Kolk op De Jouwer. Oan de eastkant fan beide marren lei noch in lyts marke, it Fluyske.[2] Yn de Haskerfeanpolder waard fan de santjinde iuw oant sirka 1930 it feanpakket ôfgroeven foar turfwinning. Tusken 1930 en 1953 barden waard de ferfeante stikken yn it middelste diel fan de Haskerfeanpolder droechmeald mei in steamgemaal yn Stobbegat, it lettere Vegelinsoard. De Hoarnstermar waard dêrby droechmeald mei twa wynmotors, wêrfan ien mei helpmotor. Oant 1959 stie der noch in wynmotor yn de polder. De leechste terreinhichte is -2,45 meter NAP. In soad grûnwetter út de omkriten rint nei it leech lizzende mar fuort mei de eardere Hoarnstermar.

Rekreaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad Jousters brûkten de Hoarstermar gauris as fiskwetter. By fiskwedstriden waard mei in hierpream nei de mar fard. It ferfier barde mei in pream fan de ‘lytse helling’. Yn de pream waarden tafels en stuollen, in itensiederskachel en itensark meinomd. Fisken waarden bytiden letter ek bakt en opiten. Sokke útstapkes foar de lytse man wurde ek beskreaun yn De Tsien fan Martens Afke. Om 2000 hinne wienen der rekreaasjeplannen foar in nij Hoarnstermar by De Jouwer, mar yn Skarsterlân wie gjin politike mearderheid foar dit plan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Van der Aa op Tresoar
  2. [Aardrijkskundig woordenboek der Nederlanden, diel 5 troch A. J. van der Aa