It Huneskip

Ut Wikipedy
It Huneskip
keunstwurk
bysûnderheden
jier 1990
keunstner Marja van Elsberg en Ireen Draaijers
materiaal waarfêst stiel, swerfstien, hurdstien
plak De Jouwer
lokaasje It Beaken/Helmhout, wyk Skipsleat;

It Huneskip is in keunstwurk yn it plantsoen oan it Beaken/Helmhout yn de wyk Skipsleat op De Jouwer.

It objekt waard makke troch de keunstneressen Elsberg en Draaijers. Yn de wenwyk Skipsleat ferwize de strjitnammen nei de skipfeart. It keunstwurk hat de foarm fan in 13de iuwske Hânzekogge en stiet oan de râne fan in fiver. De ferwurke swerfstiennen binne fûn by it bouryp meitsjen fan de wyk.[1]

It mânske seil is makke fan waarfêst stiel. De trijehoekige foarm slút oan by de foarm fan it plein.

De tsjokke betontegels fan de pleinfluorring om it keunstwurk ha de kleuren wyt, read en swart.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Redaksje (9 oktober 1990): 'Stalen zeil huneboot Joure geplaatst', Ljouwerter Krante.