Springe nei ynhâld

Suderfjild

Ut Wikipedy
Suderfjild
polityk
Gemeente De Fryske Marren
Plak De Jouwer
sifers
oerflak 0,75 km²

Suderfjild is in wenwyk op De Jouwer, dy't yn de jierren sechtich en santich fan de tweintichste iuw boud waard. By de bou stie Suderfjild ek wol bekend as De Jouwer-East. De wyk leit tusken de Skien, Geert Knolwei en Sewei. Suderfjild is de wyk fan De Jouwer mei de measte ynwenners. De meast tichtbefolke wyk is lykwols Westermar.

De wyk is strak opsetten en hat in soad rychjeswenningen en twa-ûnder-ien-kapewenningen.[1] In grut part fan dizze wenningen is sosjale wenningbou. Oan de súdkant is in bungalowbuert boud. Dêr steane ûnder oare eksperimintele wenningen út de jierren '70.

It gebiet dêr't Suderfjild yn leit hearde oant en mei 1954 by it eardtiidske doarp Westermar.[2] De greidlannen tusken de doarpsstrjitte fan Westermar en de destiidske gemeentegrins mei Doanjewerstâl yn it suden stiene bekend as it "Suderfjild".

Ferspraat oer it fjild stie in tal pleatsen. Yn dit gebiet slingere it Binnenpaad, dat oansluet op it Tsjerkepaad yn Haskerhoarne. Yn 1940 waard dy ferbining ferbrutsen, doe 't Rykswei 43 oanlein waard. Dizze dyk soe de lettere súdgrins fan de wyk Suderfjild foarmje.[3][4] Neist lintbebouwing oan de Geert Knolwei, wêrûnder it tsjerkhôf fan Westermar, wie der ek al bebouwing oan de Skien. Benammen oan it begjin en ein fan de Skien stiene al huzen.

Yn 1957 skreau de Ljouwerter Krante dat der plannen leine foar in útwreidingsplan oan de eastkant fan de Skien. Hjir soene 800 wenningen boud wurde moatte, der soe in swimbad komme moatte en der waard sprutsen oer in motel.[5] Foar de bou fan de nijbouwyk, waard alle besteande bebouwing yn it fjild ôfbrutsen en waarden âlde paden opromme. Uteinlik kamen der mear as 1200 wenningen yn Suderfjild. It swimbad waard iepene yn 1967, it motel folge yn 1974.[6][7][8]

Eksperimintele wenningen oan it Suderfjildplantsoen út de iere jierren '70. De huzen bhiene in sitkûle. Fierder mochten de bewenners sels de yndieling fan harren hûs bepale.[9]

Suderfjild is yn twa perioades boud. De skiedsline wurdt foarme troch de Prins Willem-Alexanderstrjitte. Beide dielen hawwe in eigen karakter en binne allinnich mei fyts- en fuotpaden mei elkoar ferbûn. It westlike diel bestiet benammen út sosjale hierwenningen, it eastlike út keapwenningen.

It diel oan de westkant fan de Prins Willem-Alexanderstrjitte is boud yn de jierren '60 en iere jierren '70 fan de 20e iuw. De earste wenningen binne yn 1961 boud oan de súdkant fan de Geert Knolwei, oan de Dodo van Haskastrjitte.[10] De rest fan de wyk wurdt fan de Skien ôf yn eastlike rjochting boud. Benammen de bloeiende Jouster yndustry soarget der foar dat de provinsje wenningen oan De Jouwer tawiisde en dat it Suderfjild útwreidzje koe.[11]

De strjitnammen yn dit diel fan Suderfjild binne twatalich. Yn it sintrale diel fan de wyk binne strjitten neamd nei leden fan de destiidske keninklike famylje fan Nederlân (lykas Keninginne Julianaleane en Prinses Beatrixstrjitte) en nei leden út de famylje fan Fryske steedhâlders (Johan Willem Frisostrjitte). Oan de súdkant fan de wyk binne in pear strjitten neamd nei Fryske keunstners, lykas de Pier Panderstrjitte en Gysbert Japiksstrjitte. Ek yn de Jouster wyk Blaauwhof binne strjitten nei Fryske keunstners neamd.

Inkele strjitten binne neamd nei gebouwen dy 't yn it ferline yn it Suderfjild stiene. Foarbylden hjirfan binne de Iepensteinleane (neamd nei de pleats Iepenstein), Lycklemastrjitte (nei de Lycklamastins dy 't ea yn Westermar stie) en de Rinzemastrjitte (de Rinzemastins moat stien hawwe op it plak dêr't de strjitte oanlein is).[12]

Strjitbyld oan de Touslaggerij.

Yn 1969 joech de destiidske gemeenterie fan Haskerlân oan gjin bebouwing te wollen yn it gebiet oan de eastkant fan de Willem-Alexanderstrjite, ticht bij Knooppunt De Jouwer. Doe 't der inkele jierren letter dochs besluten waard om wenningen te bouwen yn it gebiet, karden de provinsje Fryslân en it Ryk de plannen ôf. Yn 1980 folge in definityf plan, mei minder wenningen en mear boartersterreintsjes. Dat plan waard wol goedkard.[13][14]

It diel oan de eastside fan de Prins Willem-Alexanderstrjitte is út de iere jierren '80. De strjitnammen binne Frysk en ferwize nei âlde ambachten lykas Klokmakkerij en Kûperij. De buert waard pas oanlein, neidat de jongere wiken Westermar en it Skippenkertier al foar it meastepart folboud wiene.

Yn de tiid fan de bou siet Nederlân yn in resesje; de bou lei stil en nijbouwenningen bleaune lang leech stean. Yn de folksmûle waard dit diel fan De Jouwer dêrom ek wol de spoekbuertneamd.[15]

Prinses Máximasingel, oanlein yn 2011.

Sûnt de jierren 2000 kaam der ferlet oan fernijing yn Suderfjild. Stap foar stap waarden dielen fan de wyk renovearre. Oan de súdkant fan de wyk waarden tsientallen hierwenningen sloopt om romte te meitsjen foar in boartersfjildsje en inkele keapwenningen. Dit barde yn oerlis mei de buert.[16]

Sa 'n hûndert wenningen yn de buert fan de Rinzemastrjitte liken sloopt wurde te moatten. De wenningen soene yn minne steat wêze. By neier ûndersyk die bliken dat sloop net nedich wie en dat in yngripende renovaasje folstie.[17] Yn de buert waarden dochs inkele tsientallen wenningen en garaazjeboksen ôfbrutsen om yn 2011 romte te meitsjen foar in dwersstrjitte, de Prinses Máximasingel. Dêrneist waarden wenningen ferboud ta keapwenning en waard it iepenbiere grien oanpakt.[18]

Yn 2015 iepene in grutskalich sportkompleks oan de súdkant fan de wyk, op de stee fan it eardere swimbad. It bûtenterrein fan it swimbad moast wike foar sportakkomodaasjes. De haadyngong fan it sportkompleks is oan de Sewei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bestimmingsplan De Jouwer - Súd, 24 maaie 2012. Buro Vijn B.v.
  2. Redaksje (29 jannewaris 1954): 'Haskerland wijzigt dorpsgrenzen' Ljouwerter Krante.
  3. Redaksje (11 jannewaris 1939): 'Rijksweg 43 - Het gedeelte Joure - Sewei.', Nieuwsblad van Friesland.
  4. Redaksje (15 juny 1940): 'De opening van rijksweg 43', Ljouwerter Krante.
  5. Redaksje (24 augustus 1957): 'Ten oosten van de Scheensweg wordt uitbreiding voorbereid', Ljouwerter Krante.
  6. CBS
  7. Redaksje (2 maaie 1967): 'Friesland is te benijden', Ljouwerter Krante.
  8. Redaksje (31 maaie 1974): 'Model-motel open aan "Jouster Rond"', Ljouwerter Krante.
  9. Redaksje (5 juny 1971): 'Experimenteel type woning in Joure', Ljouwerter Krante.
  10. Redaksje (22 septimber 1961): 'Haskerland haalt de woningoogst ijlings binnen', Ljouwerter Krante.
  11. Redaksje (16 desimber 1966): 'Haskerland wil bouw van huizen in buitendorpen', Ljouwerter Krante.
  12. Redaksje (22 juny 1967): 'Nieuwe straatnamen Joure', Friese koerier.
  13. Redaksje (17 april 1975)"'In "Zuiderveld-Motel" komen 65 woningen en twee speelveldjes', Ljouwerter Krante.
  14. Redaksje (28 augustus 1980): 'Gemeente Haskerland', Ljouwerter Krante.
  15. Redaksje (7 jannewaris 1981): 'Joure heeft een "spookbuurt"', Ljouwerter Krante.
  16. Redaksje (3 april 2001): 'Opknappen Jouster wijk kost miljoenen', Ljouwerter Krante.
  17. Redaksje (27 desimber 2005): 'Renovatieplan vervangt sloop in Joure', Ljouwerter Krante.
  18. Redaksje (13 july 2011): 'Wijkvernieuwing Zuiderveld feestelijk afgesloten', Jouster Courant.
Wenwiken fan De Jouwer feroarje
Blaauwhof · Broek-Súd · Jonkerslân · De Jouwer Sintrum · Skippekertier · Skipsleat · Westermar · Wyldehoarne · Suderfjild